Tuskenbeiden wâld
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tuskenbeiden wâld is wâld dat groeit yn 'e tuskenbeiden sône, tusken de tropen en de taiga yn. It is it op ien nei grutste wâldbiotoop op 'e Ierde, dat sa'n 25% fan alle boskgebiet op 'e wrâld beslacht en dêrmei inkeld ûnderdocht foar boreaal wâld (yn 'e taiga), dat sa'n 33% beslacht. Tuskenbeiden wâlden komme foar op sawol it noardlik as it súdlik healrûn, fan likernôch 25° oant 50° noarder- en suderbreedte. Sokke wâlden wuolje har sadwaande as twa bannen om 'e Ierde hinne, krekt sa't boreaal wâld en tropysk wâld dat ek dogge. Der besteane ferskate typen tuskenbeiden wâld.