From Wikipedia, the free encyclopedia
In tsjoender, tovener, magus of magiër is in mytysk figuer yn 'e foarm fan in minske dy't tsjoene kin. (Sa'nent moat net betize wurde mei in gûchelder, dat in artyst is dy't mei fluchhandichheid en yllúzjes beart dat er tsjoene kin.) In tsjoender is almeast in man, mar kin ek in frou wêze; dan wurdt sprutsen fan in tsjoenster of toveneresse. Hoewol't in tsjoender sawol goed- as boasaardich wêze kin, wurdt in tsjoenster almeast lykslein mei in heks. Tsjoenders kommen in protte foar yn 'e Jeropeeske folkloare, mytology, Midsiuwske literatuer en it moderne literêre sjenre fan 'e fantasy. Yn 'e regel wurde tsjoenders ôfskildere as âlde(re) manlju mei in lang, griis patriargeburd, dy't in ankellang klaad en in punthoed drage en in stêf hawwe dêr't se harren magy mei konsintrearje kinne.
Foarbylden fan ferneamde goedaardige tsjoenders binne Merlyn, de hoftsjoender fan kening Arthur, Gandalf, de lieder fan 'e striid tsjin it kwea yn 'e Lord of the Rings-trilogy fan J.R.R. Tolkien, en Albus Dumbledore, it haad fan 'e kostskoalle yn 'e Harry Potter-rige. In foarbyld fan in boasaardige tsjoender is Saruman, de ferrieder út 'e Lord of the Rings-trilogy. Yn it Ingelsk wurdt gauris ûnderskie makke tusken goed- en boasaardige tsjoenders troch de termen wizard (foar goedaardige tsjoenders) en warlock (foar boasaardige tsjoenders) te brûken. Ursula K. Le Guin yntrodusearre yn 1968 mei har roman A Wizard of Earthsea de tsjoender as haadpersoan en held. In ferneamde moderne romanrige mei dat útgongspunt is The Dresden Files, fan skriuwer Jim Butcher, oer de tsjoender Harry Dresden, dy't de stêd Chicago tsjin alderhanne ûnheil ferdigenet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.