Tongblier
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tongblier (Latyn: Aphtae epizooticae) is in slim besmetlike firussykte dy't foarkomme kin by evenhoevigen lykas kij, bargen, skiep, harten en geiten. In siik bist krijt blierren yn de mûle, benammen op de tonge en hat de koarts.
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
De sykte is foar bisten slim besmetlik, ferlykber mei de gryp by minsken. Dêrom jilde der yn gefal fan tongblier alderhanne maatregels. De sykte kin troch in ferskaat oan firussen feroarsake wurde.
De sykte is it slimst by kij. Ek dêr is dy lykwols mei goede fersoarging net deadlik; nei likernôch twa wike is de ko wer sûn. In ko dy't ien kear siik west hat, hat in oare kear wjêrstân tsjin de sykte. Sûnder fersoarging stjert 1 as 2 persint fan de bisten. Tsjintwurdich wurde bisten mei tongblier lykwols faak ôfmakke, omdat de eksport fan fee stagnearret as de sykte de kop opstekt. Om dyselde reden wurdt der yn de measte lannen ek gjin gebrûk mear makke fan faksinaasje. Dat hat ta gefolch it risiko op in epidemy by it útbrekken fan tongblier folle grutter is as wat dy oars wêze soe.
Oare bisten as kij stjerre ornaris net oan tongblier mar wurde al siik. Ek oare bisten as evenhoevigen en ek minsken kinne troch direkt kontakt mei in siik bist, of troch it ynnimmen fan rauwe molke of rau fleis fan in siik bist lichte sykteferskynsels oprinne, mar hja rinne gjin risiko.