![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b1/Tinamus_majorPCSL00504B.jpg/640px-Tinamus_majorPCSL00504B.jpg&w=640&q=50)
Tinamû-eftigen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De tinamû-eftigen (Latynske namme: Tinamiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae). Dit út Súd-Amearika ôfkomstige skift omfiemet ien inkele famylje, dy fan 'e tinamûfûgels of tinamû's (Tinamidae), dy't opdield wurdt yn twa ûnderfamyljes, de echte tinamûfûgels (Tinaminae) en de notoerafûgels (Nothurinae). Yn totaal binne der 47 libbene soarten tinamû-eftigen, dy't allegear foarkomme yn Súd- en Midden-Amearika.
Fluch de feiten
Tinamû-eftigen | ||
![]() | ||
In grutte tinamû (Tinamus major). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | âldkakigen (Palaeognathae) | |
sûnder rang: | echte âldkakigen (Notopalaeognathae) | |
skift: | tinamû-eftigen (Tinamiformes) | |
Huxley, 1789 | ||
Slute