De moderne fûgels (Latynske namme: Neornithes) foarmje in ûnderklasse fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves). Ta dizze groep hearre alle libbene fûgels, yn totaal mear as 10.500 ûnderskate soarten. Ynsafier't dat bekend is, wiene alle fûgels dy't nei it geologyske tiidrek fan it Kryt libbe hawwe, moderne fûgels. Ornitologen en paleöntologen tochten foarhinne wol dat de moderne fûgels fuortkamen út ien inkele groep fan 'e klasse fan 'e fûgels dy't it grutte útstjerren fan 65 miljoen jier lyn oerlibbe hie. Dy riddenearring is lykwols ûntkrêfte troch de fynst fan ferskate fossilen dy't oantoane dat de opspjalting fan 'e moderne fûgels yn 'e beide grutte tuskenklassen fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de nijkakigen (Neognathae) al omtrint 119 miljoen jier lyn plakfûn hawwe moat, wylst de opspjalting tusken de beide nijkakige boppeskiften fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae) en de nije fûgels (Neoaves) 90 miljoen jier lyn syn beslach krige.
Moderne fûgels | ||
In hûsmosk (Passer domesticus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
Gadow, 1893 | ||
|
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.