Thor (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thor is in Amerikaanske superheldefilm út 2011 ûnder rezjy fan Kenneth Branagh, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth en Natalie Portman. De titel ferwiist nei de haadpersoan, de Germaanske god Tonger (Noardgermaansk: Thor), mar dan yn 'e ferzje fan Marvel Comics. It ferhaal folget de god Thor, dy't út balstjurrigens en ûnberettens in belune oarloch wer oplôgje lit, wêrnei't er troch syn heit Odin fan syn krêften ûntdien en nei de Ierde ferballe wurdt. Wylst syn broer Loki yntrigearret om op 'e troan fan Asgard te kommen, moetet Thor yn Nij-Meksiko de minsklike astrofysika Jane Foster. Thor krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive oant tuskenbeiden resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 1 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Iron Man 2. De folgjende film fan 'e rige is Captain America: The First Avenger, dat itselde jiers útkaam, mar it direkte ferfolch op Thor is Thor: The Dark World, út 2013.
Thor | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Kenneth Branagh | |
produsint | Kevin Feige | |
senario | Ashley Edward Miller Zach Stentz Don Payne | |
basearre op | Thor fan Stan Lee, Larry Lieber en Jack Kirby | |
kamerarezjy | Haris Zambarloukos | |
muzyk | Patrick Doyle | |
filmstudio | Marvel Studios | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Hemsworth Natalie Portman | |
byrollen | Tom Hiddleston Anthony Hopkins Stellan Skarsgård Jaimie Alexander Kat Dennings Idris Elba | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 17 april 2011 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 114 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150 miljoen | |
opbringst | $449,3 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award 2 × Empire Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Iron Man 2 | |
● folgjend diel | Captain America: The First Avenger |