Thor: The Dark World
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thor: The Dark World is in Amerikaanske superheldefilm út 2013 ûnder rezjy fan Alan Taylor, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth en Natalie Portman. De titel betsjut: "Thor: De Dûnkere Wrâld". It ferhaal folget de god Thor, dy't, nei syn aventoeren yn Thor (2011) noch altyd smacht nei syn Ierdske leafde, dr. Jane Foster. Hy moetet har wer as se by fersin yn oanrekking kommen is mei de Aether, in wapen dat troch de dûnkere elf Malekith oanmakke is om it hielal te ferdylgjen. Thor: The Dark World krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 2 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Iron Man 3. De folgjende film fan 'e rige is Captain America: The Winter Soldier, dat yn 2014 útkaam, mar it direkte ferfolch op Thor: The Dark World is Thor: Ragnarok, út 2017.
Thor: The Dark World | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Alan Taylor | |
produsint | Kevin Feige | |
senario | Christopher Yost Christopher Markus Stephen McFeely | |
basearre op | Thor fan Stan Lee, Larry Lieber en Jack Kirby | |
kamerarezjy | Kramer Morgenthau | |
muzyk | Brian Tyler | |
filmstudio | Marvel Studios | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Hemsworth Natalie Portman | |
byrollen | Tom Hiddleston Anthony Hopkins Stellan Skarsgård Christopher Eccleston Kat Dennings Rene Russo Idris Elba | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 22 oktober 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 112 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150–170 miljoen | |
opbringst | $644,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Iron Man 3 | |
● folgjend diel | Captain America: The Winter Soldier |