The Scorpion King (film)
film út 2002 fan Chuck Russell / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Scorpion King is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2002 ûnder rezjy fan Chuck Russell, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson ('The Rock') en Kelly Hu. De film is in prequel dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Mummy-franchise, wêrfan't it ferhaal plakfynt 5.000 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e films The Mummy en The Mummy Returns. The Scorpion King leit út hoe't Mathayus oan 'e macht kaam as de 'Skorpioenekening', dat ek de oersetting fan 'e titel is. Dy oantsjutting is in ferwizing nei in histoaryske kening út it Proto-Dynastike Tiidrek fan it Alde Egypte, dy't troch argeologen en histoarisy oantsjut wurdt as 'Kening Skorpioen'. The Scorpion King krige lauwe reäksjes fan 'e filmkritisy, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.
The Scorpion King | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chuck Russell | |
produsint | Sean Daniel James Jacks Vince McMahon Kevin Misher Stephen Sommers | |
senario | Stephen Sommers William Osborne David Hayter | |
kamerarezjy | John R. Leonetti | |
muzyk | John Debney | |
filmstudio | WWF Entertainment Alphaville Films | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Dwayne Johnson Kelly Hu | |
byrollen | Steven Brand Grant Heslov Michael Clarke Duncan Sherri Howard Bernard Hill | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Dútslân Belgje | |
premiêre | 19 april 2002 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske fantasy- aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 92 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $60 miljoen | |
opbringst | $165,3 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Scorpion King (filmsearje) | |
● folgjend diel | The Scorpion King 2: Rise of a Warrior |