The A-Team (film)
film út 2010 fan Joe Carnahan / From Wikipedia, the free encyclopedia
The A-Team is in Amerikaanske aksjefilm út 2010 ûnder rezjy fan Joe Carnahan, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Bradley Cooper, Quinton Jackson en Sharlto Copley. De film is basearre op 'e ferneamde tillefyzjesearje út 'e 1980-er jierren mei deselde namme. It ferhaal giet oer in team fan kommando's fan it Amerikaanske Leger dy't opdraaie foar in misdriuw dêr't se net skuldich oan binne. De leden ferdwine efter de traaljes, mar brekke út om harren ûnskuld te bewizen. The A-Team krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en hoewol't it net direkt in flop wie, behelle de film in teloarstellend resultaat yn 'e bioskopen.
Fluch de feiten
The A-Team | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joe Carnahan | |
produsint | Stephen J. Cannell Tony Scott Spike Seldin Jules Daly Alex Young Iain Smith | |
senario | Joe Carnahan Brian Bloom Skip Woods | |
basearre op | The A-Team | |
kamerarezjy | Mauro Fiore | |
muzyk | Alan Silvestri | |
filmstudio | Dune Entertainment Top Cow Productions Scott Free Productions | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Liam Neeson Bradley Cooper Quinton Jackson Sharlto Copley | |
byrollen | Jessica Biel Patrick Wilson Brian Bloom Gerald McRaney | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 3 juny 2010 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $110 miljoen | |
opbringst | $177,2 miljoen |
Slute