Terwisscha
From Wikipedia, the free encyclopedia
Terwisscha (Stellingwerfsk: Terwissche; Nederlânsk: Terwisscha) is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Terwisscha leit oan de N381 bewesten Appelskea. Dêr stiet in drinkwetterpompstation fan Vitens en it besikerssintrum fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld.
Hy wurdt ek neamd as Terwisch en Terwisga. 'Wiska' hat de betsjutting fan 'greide'. Yn de midsiuwen stie yn de bosken in boarch fan de boarchhear Terwisga. Hy hat in fjildslach levere tsjin de Stellingwervers.