Terwispel is in doarp yn it west fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit noardwest fan De Gordyk.

Fluch de feiten
Terwispel
Thumb
Emblemen
Thumb               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal1.015 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak16,55 km², wêrfan:
- lân: 16,12 km²
- wetter: 0,42 km²
Befolkingsticht.63 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 00' N 6° 03' E
Offisjele webside
terwispel.info
Kaart
Thumb
Terwispel
Kaart
Thumb
Himrik (grien) fan Terwispel yn 'e gemeente Opsterlân
Slute

Terwispel hat 1.015 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Thumb
Tsjerke en klokkestoel fan Terwispel, Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735

Terwispel heart by de âldere delsettings fan de gemeente en hat fan oarsprong in agrarysk karakter. It wurdt nei 1315 wol as 'Wispolia, Westpalia' en 'Wyspola' skreaun. De namme soe komme fan it marke de Wide Wispel yn in sydstreamke fan it Alddjip.

Al foar 1150 hie Terwispel in tsjerke dy't op de hoeke fan de hjoeddeiske Mouwewei/Alde Dyk stie. Letter ferhûze de tsjerke nei De Streek. Dy tsjerke hie gjin toer, mar in klokkestoel mei trije klokken. Healwei de 19e iuw waard dy tsjerke nei swier waar brekfallich en yn 1864 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. By de bou waard doe in byldsje fûn fan de hillige Barbara, dy't foar de reformaasje mooglik de patroanhillige fan Terwispel west hat.

Thumb
Spaltenbrêge

It doarp ûntwikkele him op it krúspunt fan De Streek (de âlde wei) en it wetter de Nije Feart. Dy Nije Feart waard om 1852 hinne groeven as ûnderdiel fan de turfrûte. Trochdat de feart it doarp yn twaen spjalte waard de brêge oer de Nije Feart ek wol Spaltenbrêge neamd. By de feanterij yn 1863 binne by it Alddjip wol 161 sulveren muntsjes fûn dy't dêr nei 750 bedarre binne. Ien fan de sydstreamkes fan it Alddjip ûntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. Troch de feanterij binne yn de 19e iuw ek Feanebuert, Kolderfean en De Tynje ûntstien. De Tynje is letter los komd en waard nei 1900 in selstannich doarp.

Op de hoeke by de brêge waard oan it ein fan de 19e iuw de koöperative suvelfabryk 'De Volharding' oprjochte. It fabryk waard yn 1970 sletten en sûnt brûkt in farvefabryk de gebouwen.

Op 15 augustus en 8 septimber 1941 stoartten rillegau efter inoar twa Britske bommesmiters by Terwispel del. Yn 'e nacht fan 14 nei 15 augustus wie dat in Whitley-bommesmiter, dy't yn 'e greide oan de Alde Dyk/Mouwewei delkaam. De fiif manlju koene op 'e tiid it tastel ferlitte en waarden kriichsfinzenen makke. De Wellington-bommesmiter stoartte yn 'e nacht fan 7 nei 8 septimber del yn in stik greide oan de Koaibosk/Brêgeleane. De seis leden fan 'e bemanning kamen allegear om it libben.

Thumb
Kafee Spaltenbrêge

Mienskip

In grut part fan it ferieningslibben spilet him ôf yn 'Us Doarpshûs', sa komt ek de feriening fan Pleatslik Belang dêr Oan de Smidte gear. Dat multyfunksjoneel sintrum waard yn 1987 mei in soad selswurksumheid boud.

Ienris yn de twa jier is der in doarpsfeest mei ferskate aktiviteiten. In wichtich ûnderdiel dêrfan is de buertkamp. 'Wispelweagen' is de namme fan de doarpskrante.

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Terwispel.
Thumb
Tsjerke fan Terwispel

Skoalle

  • De iepenbiere basisskoalle fan Terwispel is It Ambyld.
Thumb
De Streek

Ferienings

Buertferienings

  • Bûtewei
  • Doarpshûsbuorren
  • Hiskebuorren
  • Alde Dyk/Klidze Rjocht
  • Om 'e Bocht
  • Plantsoen
  • Sinnedael ('t Feantsje, Skarlannen, De Streek)
  • Smidte
  • Spaltenbrêge/Kolderfean
  • De Streek East
  • Twa yn ien
  • Unwaarskamp

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Thumb
De Streek

Befolkingsferrin

Mear ynformaasje Jier ...
Jier18501895195419591964196919742005
Ynwenners51924011275108810259639121002
Jier20152022
Ynwenners10291015
Slute

Berne yn Terwispel

Thumb
Nije Feart

Iepenbier Ferfier

Eveneminten

Strjitten

't Feantsje, Alde Dyk, Alde Hiemen, Bûtewei, De Dûker, De Streek, De Fûnken, De Wâlden, Griene Dyk, Harnemûne, Hellingwâl, Klidze Rjocht, Koaibosk, Kolderfean, Mûnesleat, Mouwewei, Rykswei A7, Seagerij, Skarlannen, Skeanpaad, Smidte, Spaltenbrêge, Tolhúsleane, Visserwei.

Publikaasje(s)

  • Lieuwe Boonstra "Eindstation Terwispel"
  • Atte Jongstra "Djipte"

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.