Territoarium Hawaï
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Territoarium Hawaï (Ingelsk: Territory of Hawaii; Hawaïaansk: Panalā‘au o Hawai‘i) wie de oantsjutting foar Hawaï as bestjoerlike ienheid fan 1898, doe't it nei de anneksaasje troch de Feriene Steaten omfoarme waard ta in organisearre territoarium, oant 1959, doe't it as folweardige steat opnommen waard yn 'e Amerikaanske Uny. Under it Amerikaansk bestjoer ferwaarden de lânseigen Hawaïanen ta twadderangs boargers en sloegen de blanke Angelsaksyske Amerikanen foar master op. It meast yngripende barren út 'e 61 jier dat Hawaï de status fan territoarium hie, wie de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, yn 1941, dy't de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch beloek. Neitiid waard yn Hawaï it boargerlik bestjoer ôfskaft en de steat fan belis ôfkundige, dy't duorre oant 1944.
Territoarium Hawaï Territory of Hawaii | |
---|---|
1898 – 1959 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Honolulu |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | organisearre territoarium fan de Feriene Steaten |
ûntstien út | Republyk Hawaï |
opgien yn | Feriene Steaten ● Steat Hawaï ● Johnston ● Kingman Reef ● Midway-eilannen ● Palmyra |
no diel fan | Feriene Steaten |
sifers | |
ynwennertal | 154.001 (1900) 499.794 (1950) |
befolkingstichtens | 5,4 / km² (1900) 17,6 / km² (1950) |
oerflak | 28.462 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Amerikaanske dollar (USD) |