From Wikipedia, the free encyclopedia
Terherne is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren oan de noardeastkant fan de Snitser Mar. It doarp hat 755 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Terherne | ||
Loftfoto (2007) | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 755 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 9,15 km², wêrfan: lân: 5,29 km² wetter: 3,86 km² | |
Befolkingsticht. | 193 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8493 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 58' N 5° 47' E | |
Himrik fan Terherne (grien) yn de eardere gemeente Boarnsterhim | ||
Offisjele webside | ||
Side Terherne | ||
Kaart | ||
De bynamme fan de ynwenner fan Terherne is “poask”. Dy fiskjes komme in soad foar yn it wetter om Terherne hinne. De “Poask” symbolisearret ek de earmoede ûnder de bewenners.
De namme Terherne betsjut ‘op e hoeke’. Terherne is ûntstien as in einpunt fan de lânferkaveling yn de 12e iuw. It doarp sels wurdt al neamd yn 1200 en ek op de kaart fan Jacob fan Deventer út 1545 wurdt Terherne neamd (Herne). Skipfeart, fiskerij en boatebou wienen de belangrykste boarnen fan ynkommen. Op it hichtepunt fan de Fryske hannelsfeart op de Eastsee wie Terherne de thúshaven fan sa'n 40 oant 50 kof- en smakskippen. Letter foarme ek lânbou en benammen feehâlderij in boarne fan ynkomsten. Troch ferfeantingen en ôfslach rekke it doarp ôfsluten fan de fêste wâl en waard it in eilân.
Oant 1857 bleau Terherne in eilân. Doe waard in grintwei oanlein dy't oansluet op de wei nei Meskenwier, Akkrum en Aldskou en waard de oerset oer de Geau (no Alde Sânsleat) ferfongen troch in brechje. Pas yn 1908 is der oer de Hearresyl in wei oanlein nei Terkaple, dy’t wer fierder giet nei de De Jouwer.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 foel Terherne diel ûnder de eardere gemeente Utingeradiel. Yn dat jier waard Uteringadiel by de nije gemeente Boarnsterhim yndield, dy't yn 2014 opdield waard. It doarp Terherne waard doe by De Fryske Marren foege.
Yn 1989 is mei it plaknamme beslút fan de gemeente Boarnsterhim de plaknamme 'Terhorne' offisjeel feroare yn Terherne.
It wapen fan it doarp bestiet út trije klaverblêden yn goudgiel boppe en ien swanneblom yn sulver. De ûndergrûn is read. It is net bekend wat de oarsprong fan it wapen is, mar is allinnich bekend fan in kastdoarke yn kafee Zevenwouden. Dêr is njonken it wapen de goa Sânwâlden yn ôfbylde. De klaverblêden komme ek foar yn de wapens fan de doarpen Akkrum en Aldeboarn en yn dy fan d eeardere gemeente Utingeradiel. Mooglik ferwize dy nei de lânbou yn de omkriten.
It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang dy't har gearkomsten hat yn doarpshûs De Buorkerij. Doarpsblêd is de "Brio". Wa't eartiids troch de brêge woe, rôp: Brio!
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2010 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 438 | 419 | 435 | 459 | 459 | 800 | 820 | 760 |
Terherne hat twa tsjerken, dy't alletwa net mear as tsjerke funksjonearje. De herfoarme tsjerke út 1874 waard yn 1998 bûten gebrûk steld en oerdroegen oan de 'Stifting Buorren 46'. Alle banken binne weibrutsen en ek it doophek en it oargel binne net mear oanwêzich. De tsjerke kin brûkt wurde foar spesjale tsinsten, gearkomsten en konserten. Ek de eklektyske fermanje fan Terherne wurdt sûnt 2007 net mear as tsjerke brûkt. De fermanje is yn behear fan de 'Stifting Fryske Fermanje', dy't de tsjerke ynearsten ferhierde as museum fan it Kameleondoarp en fan 2010 oant 2012 as blommewinkel. Foar nije funksjes binne in tal banken ferwidere, mar it grutste diel fan it ynterieur bleau yntakt.
De grutste ynkomstenboarne fan Terherne is it toerisme. Yn en by it doarp binne jachthavens, hotels, en campings dy't benammen rjochte binne op de wettersport. By Terherne leit ek de Terhernster Slûs.
Sûnt 1988 wurdt troch wettersportferiening 'Onder Ons' de jierlikse Brio sylmaraton hâlden. Alle type skippen kinne hjiroan meidwaan. Der wurdt syld mei in ynternasjonaal brûkte handikapformule. Wa't de 60 kilometer silen binnen de tiid útsyld, wurdt ûntfongen yn de feesttinte.
De Komelker is de pleatslike pream dy't hierd wurde kin troch selskippen. De pream is ta neitins oan de Terhernster boeren en komelkers, dy’t hjir eartiids alle dagen gebrûk fan meitsje moasten.
Terherne hat as tema De Kameleon nei de berneboeken fan Hotze de Roos. Yn it Kameleondoarp binne in soad plakken en aktiviteiten rûnom it doarp fan de haadpersoanen Hylke en Sytse Klinkhammer út de boekerige.
Op it ta it Kameleondoarp hearrende eilân Grutsân stiet in Amerikaanske wynmotor. In lytsere wynmotor stiet wat tichterby it doarp op in oar eilân.
Sjerp de Vries (1925-1921) hat it preamsilen yn Fryslân mei opsetten. Hy wie ek de ûntwerper fan de UFO, in sylboat dy't wol wat wei hat fan in polyester BM'er.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.