Tennessee Williams
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tennessee Williams, berne as Thomas Lanier Williams (Kolumbus (Mississippy), 26 maart 1911 – New York, 25 febrewaris 1983) wie in Amerikaansk skriuwer.
Tennessee Williams | ||
skriuwer | ||
Tennessee Williams (1965) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Lanier Williams | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 maart 1911 | |
berteplak | Kolumbus | |
stoarn | 25 febrewaris 1983 | |
stjerplak | New York | |
wurk | ||
sjenre | toanielstikken, romans, gedichten | |
bekendste wurk(en) | The Glass Menagerie | |
jierren aktyf | 1930–1983 |
Williams waard fral ferneamd fan syn toanielstikken, mar hy skreau ek romans, gedichten en essays. Syn bynamme, dy't ek syn skriuwersnamme waard, krige er fan sy klasgenoaten om reden fan sy súdlik aksint.
The Glass Menagerie ('Glêzen boartersguod', 1945) wie syn earste grutte súkses. Yn dat stik komt al ien fan syn haadtemas nei foaren: it konflikt tusken yllúzje en realiteit.
Mei A Streetcar Named Desire (1947) waard er ien fan de wichtichste Amerikaanske toanielskriuwers fan nei de oarloch. It stik waard yn 1951 ferfilme mei Marlon Brando yn de haadrol. Ek Cat on a Hot Tin Roof waard ferfilme, mei Paul Newman en Elizabeth Taylor yn de haadrollen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tennessee Williams fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.