Taken (film út 2008)
film út 2008 fan Pierre Morel / From Wikipedia, the free encyclopedia
Taken is in Frânske, mar Ingelsktalige, aksjefilm út 2008 ûnder rezjy fan Pierre Morel, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson en Maggie Grace. De titel betsjut letterlik: "Nommen", frij fertaald: "Meinommen" of "Weinommen" of gewoan "Untfierd". It ferhaal giet oer Bryan Mills, in earder spesjaal agint fan 'e CIA, waans santjinjierrige dochter Kim op fakânsje yn Parys finzennommen wurdt troch Albaneeske frouljushannelers, dy't har ûnder twang as prostituee eksploitearje wolle. Mills reizget nei Frankryk ta om syn dochter te sykjen. Taken krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut kommersjeel súksen yn 'e bioskopen. De film is it earste diel fan in trijedielige filmsearje mei deselde namme; it twadde diel, Taken 2, kaam út yn 2012.
Taken | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Pierre Morel | |
produsint | Luc Besson | |
senario | Luc Besson Robert Mark Kamen | |
kamerarezjy | Michel Abramowicz | |
muzyk | Nathaniel Méchaly | |
filmstudio | EuropaCorp M6 Films Grive Productions Groupe Canal+ TPS Star | |
distribúsje | EuropaCorp (ynternasjonaal) 20th Century Fox (Feriene Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Liam Neeson Maggie Grace | |
byrollen | Famke Janssen Olivier Rabourdin Arben Bajraktaraj Katie Cassidy | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Frankryk | |
premiêre | 27 febrewaris 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Frânsk, Albaneesk, Arabysk) | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $226,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Taken | |
● folgjend diel | Taken 2 |