Súdwâlde (Grinslân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Súdwâlde (offisjeel Zuidwolde, Grinslannersk: Zuudwòl) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Noardlik fan it doarp leit Noardwâlde, dat folle lytser is. Tusken Súdwâlde en Noardwâlde leit de strjitwei nei de Iemshaven en tusken de Grinzer wyk Beijum en Súdwâlde leit noch mar in lyts stikje grien.
|
Om't Súdwâlde ûnder de reek fan de stêd leit witte in soad minsken dy't kuierje of fytse it doarp te finen. Súdwâlde leit oan it Bûterdjip en ek it doarpskafee Moeke Vaatstra draacht der oan by dat in soad minsken efkes yn Súdwâlde oanstekke.