Súdskotsk Berchlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Súdskotsk Berchlân is in leechberchtme of in heech heuvelte dat it súdlikste en tinst befolke part fan it Britske lânsdiel Skotlân beslacht. It gebiet leit ynklamme tusken de Ingelske grins yn it súdsúdeasten, en it Sintrale Leechlân fan Skotlân yn it noardnoardwesten. It Súdskotsk Berchlân wreidet him oer in lingte fan likernôch 200 km út, fan Stranraer, yn it westen, oan 'e Ierske See, oant East-Lothian, yn it easten, oan 'e Noardsee. It is fierhinne in plattelânsgebiet mei in protte natoerskientme en in grutdiels agraryske funksje.
Fluch de feiten
Súdskotsk Berchlân | ||
berchtme | ||
It Súdskotsk Berchlân by Durisdeer. | ||
geografy | ||
lân | it Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Skotlân | |
sifers | ||
lingte | 220 km | |
heechste punt | Merrick | |
hichte | 843 m | |
geology | ||
yndieling | leechberchtme | |
âldens | 400 miljoen jr | |
stiensoarte | sedimintêr stiente | |
kaart | ||
Lizzing yn Skotlân
|
Slute