Súdsemityske talen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Súdsemityske talen foarmje in hypotetyske, mar frij algemien akseptearre taalgroep fan 'e Semityske talen. De kloft stiet op deselde hichte as de Middensemityske talen, en de beide groepen tegearre foarmje de Westsemityske talen. De Súdsemityske talen kinne opdield wurde yn 'e Súdarabyske talen en de Westlike Súdsemityske talen, dy't fierder útinoar falle yn 'e útstoarne Aldsúdarabyske talen en de Etiopyske talen. De wichtichste Súdsemityske talen binne it Amhaarsk, de nasjonale taal fan Etioopje, en it Tigrinja, de nasjonale taal fan Eritreä.
Fluch de feiten
Súdsemityske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Hoarn fan Afrika en it suden fan it Arabysk Skiereilân | |
tal talen | ±27 (ynkl. deade talen) | |
tal sprekkers | 35 miljoen (2018) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk ● Súdsemitysk | |
subgroepen | ● Súdarabyske talen ● Westlike Súdsemityske talen ● Aldsúdarabyske talen † ● Etiopyske talen |
Slute