From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sudersee wie in binnensee yn Nederlân, dy’t oant de sluting fan de Ofslútdyk (1932), lei op it plak fan de Iselmar en Markermar en de provinsje Flevolân fan no.
Nei de oanlis fan de Ofslútdyk waard it wetter Iselmar neamd, nei de rivier de Isel dy’t deryn útmûnet. De hjoeddeiske Iselmar is noch mar heal sa grut as de oarspronklike see. It oare diel fan de eardere Sudersee is troch ynpolderingen lân wurden. Benammen yn it súdeastlike diel binne in soad nije polders oanlein. Dy foarmje mei-inoar de hjoeddeiske provinsje Flevolân. De Iselmar is mei de oanlis fan de Houtribdyk yn 1976 opsplitst yn twa dielen. It súdlike part wurdt sûnt dy tiid Markermar neamd, in namme dy’t fuortkomt út de plande ynpoldering fan dat gebiet ta Markerwaard. Dat polderplan is fan ’e baan.
De Sudersee ûntstie yn de rin fan de Midsiuwen út in marrekompleks dat yn de Romeinske tiid al bekend stie as Flevo Lacus. De bytiden woaste binnensee wie sawol in flok as in seine foar de bewenners fan it omlizzende lân. Ferskate wettersneden troffen de omlizzende gebieten.
Hannelsskippen befearen de see; havenstêden lykas Kampen en Hurderwyk hearden ta de Hânze, en oer de Sudersee fearen VOC-skippen nei Hoarn en Amsterdam. Der waard ek folop fiske. Yn 1900, doe’t de Suderseefiskerij op syn hichtepunt wie, wienen der sa'n 3000 platboaiems aktyf dêr’t mei fiske waard op hjerring, ansjofisk, iel, bot en garnalen.
Kearside wienen de allegeduerige oerstreamingen, wêrby’t geregeld in soad slachtoffers foelen. In soad eardere fiskersdoarpen om de eardere Sudersee hawwe in monumint foar fiskers dy’t net fan see weromkamen.
Yn de rin fan de njoggentjinde iuw kaam it plan om de Sudersee hielendal of foar in part te bepolderjen.
Foar de ynternasjonale hannelsfeart wie de Sudersee doe al net mear sa wichtich. Ynpoldering paste ek yn it leauwen oan foarútgong fan it tiidrek fan de Yndustriële Revolúsje. It projekt soe in soad nije lânbougrûn opleverje, en soe de ivich bedrige kustline mei mear as 250 kilometer ynkoartsje. Dat lêste wie fan grut belang, omdat de Sudersee bekend stie as in woaste see, dy’t geregeld soarge foar oerstreamings yn it hieltiten tichter befolke Nederlân.
Yn 1886 rjochten inkelde pommeranten de Suderseeferiening op, dy’t ûndersykje moast oft drûchlizzen helber wie. Ir. Cornelis Lely kaam yn 1886 as yngenieur dêr’t in soad fan ferwachte waard by dy feriening yn tsjinst. Hy tekene yn 1891 it earste plan foar de ôfsluting fan de Sudersee. Yn 1913, doe’t Lely yntiden foar de tredde kear minister fan Wettersteat wie, waard ynpoldering opnommen yn it regearingsprogram - nettsjinsteande protesten fan de fiskerijsektor. Nei de wettersneedramp fan 1916 wie der draachflak foar it megaprojekt en twa jier letter gie it parlemint akkoart.
In juny 1920 waard it earste diel fan de Suderseewurken oanbestege: de oanlis fan de 2,5 kilometer lange Amsteldjipdyk fan Noard-Hollân nei it eilân Wieringen. By dat projekt waard nuttige ûnderfining opdien dy’t letter fan pas kaam by de oanlis fan de Ofslútdyk. Yn augustus 1930 waard de Wieringermarpolder drûchlein. It hat de ienige Suderseepolder west. De polder waard foar de ôfsluting fan de see drûchlein omdat der in hiele grutte fraach wie nei lânbougrûn. De oanlis fan de Ofslútdyk begûn yn jannewaris 1927. Op 28 maaie 1932 waard de daam sluten. Tusken 1936 en 1968 is wurke oan de Iselmarpolders (Noardeastpolder, Eastlik Flevolân en Súdlik Flevolân, de hjoeddeiske provinsje Flevolân). Yn it earstoan wienen der plannen om noch mear lân yn te polderen. Sa waard yn 1976 noch dwers troch de Iselmar de Houtribdyk oanlein yn ferbân mei de plande ynpoldering fan de Markerwaard. Dizze is der noait kommen troch finansjele redenen en fanwege tanimmend ferset tsjin fierdere oantaasting fan it gebiet om de eardere Sudersee. Op dy manier hawwe de omkriten oan de noardgrins fan Amsterdam (De regio Wetterlân) it oarspronklike "iepen" karakter holden.
De ôfsluting hie grutte gefolgen foar de fiskerij en de natoer, en betsjutte de ein foar de tûzenen fiskers dy’t op de Sudersee harren brea fertsjinnen. Nei de foltôging fan de Ôfslútdyk feroare de eardere see yn in mar. It wetter waard stadichoan hieltyd swieter. Noch in pear jier holden de hjerring en de ansjofisk stân, mar doe ferdwûnen se. De brúnfisk en de gewoane seehûn wienen doe al lang fuort. In soad fiskers makken gebrûk fan de Suderseestipewet en fregen in útkearing oan. Oaren waarden bygelyks plomfeehâlder of boer. Ek fiskhannelers, seilmakkers en skipsbouwers rekken sûnder wurk.
Iel bliuwt in wichtige boarne fan ynkomsten foar de fiskers, al kleie dy wol oer it sterk tanimmen fan ielguozzen.
Fierder biede de hjoeddeiske Iselmar, de rânemarren en Flevolân rekreaasjemooglikheden foar de oerfolle Rânestêd, mooglikheden foar it weromkringen fan de wenningneed yn dyselde Rânestêd en is der "nije natoer" ûntstien lykas de Eastfardersplassen yn Súdlik Flevolân.
De eardere kustline fan de Sudersee kin noch folge wurde troch de 400 kilometer lange Sudersee fytsrûte. Yn Inkhuzen is in Suderseemuseum, dêr’t ûnder oaren in typysk Suderseeplakje neiboud is.
Fan de fiif eilannen dy’t ea yn de Sudersee leinen, bestiet allinnich it foar Amsterdam lizzende Pampus noch as in echt eilân. Noard dêrfan leit Marken (dat sûnt de oanlis fan in daam yn 1957 feitlik in skiereilân is. Wieringen is troch de Wieringermarpolder ûnderdiel wurden fan it fêstelân. Mar der binne plannen it oarspronklike eilân wer los fan it lân te meitsjen troch middel fan de oanlis fan de Wieringerrânemar tusken de Amstelmar en de Iselmar. Skoklân en Urk binne opgien yn de Noardeastpolder. Urk is noch wol in selsstannige Nederlânske gemeente.
Iseleach is in keunstmjittich eilân yn de Ketelmar dat oanlein waard fanwege miljeutechnyske redenen.
Yn 1997 is begûn mei it oanlizzen fan it eilân Ramsplaat yn de Iselmûning fan de Ketelmar. Benoarden Andyk is it eilân De Kreupel oanlein mei as doel om de fiedselboarnen foar de fûgels better berikber te meitsjen. Yn de takomst is it doel om yn de lijte fan it sirka 70 ha grutte natoerprojekt sawat 20 oanlisplakken oan te lizzen.
Yn guon boarnen wurdt der ek noch oer it eilân Filla sprutsen yn de Sudersee. Troch de hieltiten grutter wurdende Sudersee waard Nagele earst in eilân foardat it hielendal opgie yn de Sudersee.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.