![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/37/Diplacanthus.jpg/640px-Diplacanthus.jpg&w=640&q=50)
Stikelhaaien
From Wikipedia, the free encyclopedia
De stikelhaaien (Latynske namme: Acanthodii) foarmje in útstoarne klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De namme "stikelhaaien", dy't poer op uterlike skaaimerken basearre is, is eins wat ûngelokkich, mei't dizze fisken mar yn 'e fierte oan echte haaien besibbe wiene. De stikelhaaien wiene in iere groep fan kaakfisken, dy't sawol mei de kreakbienfisken as mei de bienfiskeftigen oerienkomsten fertoande.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/37/Diplacanthus.jpg/640px-Diplacanthus.jpg)
Fluch de feiten
Stikelhaaien | ||
![]() | ||
In artistike ympresje fan in soarte út it skaai Acanthodes. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
klasse: | stikelhaaien (Acanthodii) | |
Owen, 1846 | ||
Slute