Stedhûs fan Dokkum
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Stedhûs fan Dokkum is in stedhûs en ryksmonumint yn de stêd Dokkum. It is boud yn 1610. Tsjintwurdich wurde der gjin gearkomsten yn de boargemaster- en de wethâlderskeamer mear holden, har kantoaren binne der lykwols noch. De gearkomsten wurde no hâlden yn de, mei in brêge ferbûnne, gebouwen oan de Keningsstrjitte . It stedhûs wie fan 1984 oant 2018 it gemeentehûs fan Dongeradiel. Tsjintwurdich is dat it gemeentehûs fan de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.
Stedhûs fan Dokkum | ||
bouwurk | ||
Stedhûs fan Dokkum | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Dokkum | |
adres | De Syl 2 | |
koördinaten | 53° 19' 30" N 5° 59' 52"E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | stedhûs | |
boujier | 1607-1610 | |
boustyl | klassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 13187 [1] | |
Ynterieur Dokkumer stedhûs. Behingsels mei allegoryen fan Daniël Reynes | ||
kaart | ||
Op 3 septimber 1607 besleat it stedsbestjoer fan Dokkum ta de bou fan it stedhûs. It Mockemahûs, boud troch mitseler en stienhouwer Jacob Lous út Harns moast yngeand ferboud wurde ta stedhûs. It stedhûs dat tusken 1607 en 1610 ferriisde, waard asymmetrysk. Net krekt yn de midden, mar krekt dernjonken kaam de yngong. De grutte gevelstien waard makke fan natuerstien. Boppe-op de toer stie in achtkante lantearnespits en in wynwizer yn de foarm fan in skip. Yn 1717 waard dy ferfongen troch in gruttere. Sadwaande kaam der romte foar in klokkekoepel. It gebou waard yn maniëristyske styl boud. Dy styl is no allinnich noch te finen yn de Griene keamer mei in skou. Op tongersdei 29 novimber 1610 waard it stedhûs yn gebrûk nomd.