Wethâlder
bestjoerder yn in Nederlânske gemeente / From Wikipedia, the free encyclopedia
In wethâlder is in iepenbier bestjoerder yn in Nederlânske gemeente.
De funksje fan in wethâlder is foar in grut part te fergelykjen mei de minister op lanlik nivo en de deputearre yn de provinsjale polityk.
Mei de boargemaster foarmje de wethâlders it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (faak ôfkoarte ta B&W), it deistich bestjoer fan de gemeente.
Tegearre mei de Gemeenterie foarmje hja it gemeentebestjoer. De gemeenteried is ek it politike orgaan dat nei de Gemeenteriedsferkiezings de wethâlders kiest. Meastal is harren ferkiezing/beneaming foar in perioade fan fjouwer jier, lyk oan de sittingstermyn fan de Gemeenteried.
De funksje fan wethâlder bestiet sûnt 1813. Dêrfoar hienen stêden faak mear as ien boargemaster dy’t help krigen fan skepenen. Yn Belgje wurdt in wethâlder noch altyd skepen neamd. Wethâlders wurde keazen troch de gemeenteried. Oant 2002 út harren eigen fermidden en dêrmei ek fuort ynwenners fan de gemeente. Sûnt 2002, mei de ynfier fan de Wet Dualisearring gemeentebestjoer, binne wethâlders gjin lid mear fan de gemeenteried en kinne sy ek fan bûten de ried en fan bûten de gemeente komme.