Star Trek: Lower Decks
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Trek: Lower Decks is in komyske science fiction-tekenfilmsearje foar folwoeksenen yn it ramt fan Star Trek. It is binnen dy mediafranchise de njoggende tillefyzjesearje, de twadde tekenfilmsearje (nei Star Trek: The Animated Series út 'e 1970-er jierren) en de earste komeedzjesearje. De titel betsjut: "Stjerretocht: De Legere Dekken". De searje folget in stikmannich bemanningsleden mei de leechste rang yn ûnderstypjende funksjes op 'e USS Cerritos, ien fan 'e minst wichtige romteskippen fan 'e Stjerrefloat. De earste ôflevering fan it earste seizoen kaam begjin augustus 2020 beskikber fia de streamingtsjinst CBS All Access. It twadde seizoen sil fan augustus 2021 ôf te sjen wêze fia Paramount+. Mids 2021 is der al in trêde seizoen yn produksje.
Star Trek: Lower Decks | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Alex Kurtzman | |
ûntwikkele troch | Mike McMahan | |
útfierend produsint | Alex Kurtzman Heather Kadin Rod Roddenberry Trevor Roth Katie Krentz Mike McMahan | |
tillefyzjestudio | CBS Eye Animation Prod. Scret Hideout Important Science Roddenberry Entertainment Titmouse, Inc. | |
spilers | ||
haadrollen | Tawny Newsome Jack Quaid Noël Wells Eugene Cordero Dawnn Lewis Jerry O'Connell Fred Tatasciore (seiz. 1) Gillian Vigman | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | science fiction- komeedzjesearje | |
seizoenen | 2 | |
jierren | 2020 – no | |
tal ôfl. | 20 | |
spyltiid (ôfl.) | 25 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.cbs.com/shows/star-trek-lower-decks | |
besibbe searjes | ● The Original Series ● The Animated Series ● The Next Generation ● Deep Space Nine ● Voyager ● Enterprise ● Discovery ● Picard ● Prodigy ● Strange New Worlds |