Star Trek: Enterprise
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Trek: Enterprise (de earste beide seizoenen mei as titel koartwei Enterprise) wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 4 seizoenen rûn, fan 2001 oant 2004, en dy't yn in grut tal lannen útstjoerd is. De titel betsjut: "Stjerretocht: Undernimming", en ferwiist nei de namme fan it romteskip de USS Enterprise. It wie de fyfde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren, Star Trek: The Next Generation út 'e 1980-er jierren en Star Trek: Deep Space Nine en Star Trek: Voyager út 'e 1990-er jierren. Star Trek: Enterprise is in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e twaentweintichste iuw spilet en dêrmei in prequel fan 'e oare searjes is. It giet oer de bemanning fan it earste Ierdske romteskip dat Enterprise hjit en folget de ûnderfinings en aventoeren fan 'e bemanning by de earste minsklike ferkenning fan 'e Molkewei. De searje krige mingde resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy en wûn sân Emmys en trije Saturn Awards. Nei fjouwer seizoenen waard de stekker derút lutsen omreden fan ôffallende sjochsifers.
Star Trek: Enterprise | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Rick Berman Brannon Braga | |
produsint | Brannon Braga Manny Coto (2004-2005) | |
útfierend produsint | Rick Berman | |
tillefyzjestudio | Paramount Television Studios | |
spilers | ||
haadrollen | Scott Bakula Jolene Blalock Connor Trinneer Anthony Montgomery Linda Park John Billingsley Dominic Keating | |
skaaimerken | ||
sjenre | science fiction | |
seizoenen | 4 | |
jierren | 2001 – 2005 | |
tal ôfl. | 98 | |
spyltiid (ôfl.) | 42 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 4 × Emmy Award 2 × Saturn Award | |
webside | www.startrek.com/.../star-trek-enterprise | |
besibbe searjes | ● The Original Series ● The Next Generation ● Deep Space Nine ● Voyager ● Discovery ● Picard ● Strange New Worlds |