From Wikipedia, the free encyclopedia
Smellingerlân (Nederlânsk en offisjeel: Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 1 jannewaris 2024 hie dizze gemeente 56.626 ynwenners (boarne:CBS). Smellingerlân hat in oerflak fan 126,17 km², wêrfan 7,93 km² wetter.
Smellingerlân | |
---|---|
De nije Drachtsterfeart yn Drachten. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Smellingerlân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Jan Rijpstra (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Drachten |
grutste plak | Drachten |
ynwennertal | 56.626(1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 472,3 / km² |
oerflak | 126,17 km² |
● wêrfan lân | 118,24 km² |
● wêrfan wetter | 7,93 km² |
tal doarpen | 14 |
ferkearsieren | A7, A31, N381 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Smellingerlân |
oar | |
netnûmer | 0512, 0566 |
postkoade | 8497, 9201–9223 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.smallingerland.nl |
Het gebiet fan Smellingerlân hat sûnt de lêste iistiid altyd bewenne west, sa hat bliken dien út fynsten fan de Peinder dokter Johannes Siebinga. De namme "Smellingerlân" komt fan it plak Smelle Ie, dêr't al foar 1326 in kleaster wie, dat lang it wichtichste plak yn de omkriten waard. Yn 1392 waard al sprutsen fan "Smellingheradele in de Leppa", mei Smelle Ie as sit fan de grytman.
Archeologysk ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat der in migraasje fan westlik Smellingerlân nei eastliker dielen west hat. Itselde ferskynsel hat plak fûn yn Opsterlân en Tytsjerksteradiel. Yn de Kraanlannen en de Flearbosk binne spoaren fan (fersprate) bewenning fûn en ek de ôfgroeven terpkes Klûsewier en Komwier tsjûgje fan mear bewenning foar de 15e iuw. Ynklinking fan fean, sâltwinning út leechfean en tichtslykjen fan de Middelsee sille de oarsaak west hawwe fan it hieltyd wieter wurden fan it westlik part fan Smellingerlân. Yn de perioade 1150-1250 binne der dan ek tsjerken op de eastliker, hegere, grûnen stifte.
Yn de midsiuwen hearde Smellingerlân, de meast súdlike grytenij fan Eastergoa, ta it bisdom Utert. Yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers wie Smellingerlân by de lêsten oansluten en hat it in soad te lijen hân fan plonderingen. De reformaasje sette hjir fral troch nei it ynnimmen fan Grins yn 1594.
Yn de 17e iuw wie it haadplak Aldegea. Yn dy iuw, yn 1641, waard ek de Drachtster kompanjonsfeart groeven, as in feanfeart. De ferfeanting wie gjin súkses, mar waard wol trochset en troch de feart krige dat gebiet in stimulâns, dêr't de flekke Drachten út fuort kaam, it hjoeddeiske haadplak.
De gritenij Smellingerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de Gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 stie Smellingerlân it súdlike diel fan De Alde Feanen ôf oan 'e nije gemeente Boarnsterhim.
It haadplak is de flekke Drachten, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Boarnburgum, Drachtster Kompenije, De Feanhoop, Goaiïngahuzen, De Houtigehage, Koartehimmen, Nyegea, De Pein, De Rottefalle, Smelle Ie, De Tike en De Wylgen.
Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder. De mar wurdt De Leijen neamd.
Smellingerlân is in foar it meastepart Frysktalige gemeente. It is foar 60% fan de ynwenners de memmetaal. Foar it Nederlânsk jild dit foar 34%, it Stellingwerfsk 2% en it Stedsk 2%. De oare 2% fan de ynwenners hat in útlânske taal as memmetaal.[1]
De gemeenteried fan Smellingerlân bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij | ferkiezings 2018[2] | ferkiezings 2022[3] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
ELP | 19,3 | 7 | 12,5 | 4 |
KristenUny | 13,2 | 4 | 13,6 | 4 |
CDA | 12,9 | 4 | 14,2 | 5 |
PvdA | 11,4 | 4 | 11,9 | 4 |
Smell. Belang | 9,1 | 3 | 9,0 | 3 |
VVD | 7,8 | 2 | 8,2 | 3 |
SP | 7,0 | 2 | 9,5 | 3 |
D66 | 6,6 | 2 | 6,9 | 2 |
GrienLinks | 6,5 | 2 | 7,1 | 2 |
FNP | 3,6 | 1 | 5,2 | 1 |
oare partijen | 0,0 | 0 | 1,8 | 0 |
ûnjildich & blanko | 0,5 | - | 0,5 | - |
opkomst/totaal sitten | 61,2% | 31 | 53,8% | 31 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.