Sint Kruis is in doarp yn Siuwsk-Flaanderen yn de provinsje Seelân. It plak leit likernôch 4 kilometer fan Aardenburg en falt ûnder de gemeente Sluis.
| |||||
Gemeente | Sluis | ||||
Ynwennertal (2020) | 220 | ||||
Webstee | {{{webstee}}} |
In grut part fan de befolking fan Sint Kruis is tsjintwurdich fan Belgyske komôf.[1]
Oant 1941 wie Sint Kruis in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard it doarp weryndield by de gemeente Aardenburg, dy't yn 2003 opgyng yn de gemeente Sluis.
- De Wikipedy hat ek in side De Peperbusse.
De tsjerke fan Sint Kruis wurdt fanwegen de stompe toer "De Peperbusse" neamd en datearret út de 15e-16e iuw. Sûnt de 16e iuw wie de tsjerke in folle gruttere krústsjerke, mar nei de fernielings fan de Tachtichjierrige Kriich is it gebou lytser makke. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke op 'e nij slim skeind, mar neitiid folge in restauraasje. De tsjerke is in ryksmonumint en oansletten by de PKN.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.