De Sint-Werenfridustsjerke yn Warkum is in roomsk-katolike pseudo-basilikale krústsjerke út 1877.

Fluch de feiten
Sint-Werenfridustsjerke
Thumb
Lokaasje
Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Warkum
adresNoard 175
koördinaten52° 59' N 5° 26' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomGrins-Ljouwert
patroanhilligeWerenfridus fan Elst
statusAs tsjerke sletten
Arsjitektuer
arsjitektAlfred Tepe
boustylNeogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer39479
Webside
Titus Brandsmaparochy
Kaart
Thumb
Sint-Werenfridustsjerke
Slute

Skiednis en beskriuwing

Nei de reformaasje duorre it oant healwei de 17e iuw dat de katoliken wer in skûltsjerke krigen. By Brânbuorren waard de helte fan in boerreskuorre geskikt makke foar dat doel, dy't lykwols yn 1665 ôfbaarnde. De bou fan in nij tsjerkje foar sa'n 250 persoanen folge oan it Noard. Sûnt 1696 wie dy tsjerke oan Sint-Werenfridus wijd. De tsjerke waard yn 1753 ferfongen troch nijbou en tsjin it ein fan 'e 18e iuw en healwei de 19e iuw nochris útwreide.

Thumb
De tsjerke foar de sluting

De hjoeddeiske neogoatyske tsjerke mei de pastorije waard yn 1877 boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt Alfred Tepe boud, dy't fjouwer tsjerken yn Fryslân boude. De toer is 65 meter heech.

De tsjerke is sûnt 1976 ryksmonumint en waard tusken 1989-2003 restaurearre. It oargel waard yn 2004 restaurearre. De tsjerke krige in bedrach fan 2,7 miljoen gûne om't it as kanjermonumint oanmerkt wie. In kanjermonumint is in ryksmonumint dat in restauraasje-efterstân hat en ekstra jild krijt).

Yn 'e eardere pastorije fan de tsjerke wie in Museum foar Tsjerklike Keunst mei in kolleksje roomske gebrûksfoarwerpen en in oantal skilderijen fan pastoar Janning silger ûnderbrocht. Dat museum waard yn 2017 sletten.[1]

Sluting

Yn 2020 waard bekend makke dat de út 1877 datearjende tsjerke in oare funksje krije soe. Yn 2022 waard de tsjerke ferkocht oan in projektûntwikkeler. It plan wie om de tsjerke te ferbouwen ta 25 apparteminten foar dementearjende âlderen. Troch ek de pastorij en de tún foar in diel te bebouwen koe dat tal nei 32 útwreide wurde.[2] [3]

Yn 2022 waard foar it lêst in misse fierd. Yn 2023 ferhûze it folsleine ynterieur fan 'e Sint-Werenfridustsjerke nei de yn 2018 ôfbaarnde en dêrnei werboude Sint-Urbanustsjerke yn Amstelveen-Bovenkerk, dêrûnder ek it heechalter en de sydalters út it atelier fan byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg. [4][5]

Oargel

It tsjerke-oargel út 1884 waard troch Adema út Amsterdam boud. Ek it 20 jier earder restaurearre oargel ferhûze nei de weropboude tsjerke fan Amstelveen-Bovenkerk.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.