From Wikipedia, the free encyclopedia
Simulearre bernepornografy, of simulearre berneporno, is pornografy wêryn't seksueel eksplisite aktiviteiten mei bern plakfine, mar dy't oars as echte bernepornografy produsearre wurdt sûnder dat bern derby belutsen binne. Mei't bernemisbrûk by de produksje fan dit materiaal dus net foarkomt, hat de fraach oft dizze foarm fan pornografy tastien wurde moat of net, him ûntwikkele ta ien fan 'e wichtichste fraachstikken op it mêd fan berneporno. Yn lannen dêr't simulearre bernepornografy ferbean is, lykas Nederlân, wurdt it almeast beskôge as in slachtofferleas misdriuw.
Simulearre bernepornografy kin op in ferskaat oan media bestean, en beslacht yn it foarste plak bernepornografyske tekstbeskriuwings en firtuële ôfbyldings, lykas tekenings, stripferhalen, skilderijen, byldhouwurken, animaasjes en kompjûter- en fideospultsjes. Oard binne der net-pornografyske foto's fan bern, dy't mei fotobewurkingstechniken oanpast binne om pornografysk te lykjen, en trêd is der pornografysk fotomateriaal fan mearderjierrige tiners, dy't mei deselde fotobewurkingstechniken oanpast binne, sadat de mearderjierrige modellen in folle jonger oansjen krigen hawwe. Ien fan 'e bekendste foarmen fan simulearre bernepornografy binne pornografyske parodyen op bekende en dúdlik minderjierrige tekenfilmfigueren, lykas Disney's Alice, út Alice in Wonderland, en Lilo, út Lilo and Stitch, of de bern út it gesin Simpson, út 'e tekenfilmsearje The Simpsons.
Yn ferskillende lannen wurdt hiel oars tocht oer simulearre bernepornografy. Yn Japan, bygelyks, wurdt it beskôge as de normaalste saak fan 'e wrâld. Yn 'e Feriene Steaten is it ek gewoan tastien, al binne dêr sûnt 2003 simulearre ôfbylden ferbean dy't net fan echte bernepornografy te ûnderskieden binne. Yn oare gebieten, lykas de Australyske steat Fiktoaria, is alle simulearre bernepornografy ferbean. Yn Dútslân stiet op it besit fan simulearre bernepornografy sels fiif jier finzenisstraf.
Yn Nederlân falt simulearre bernepornografy ûnder it ferbod op bernepornografy, sa't dat fêstlein is yn Wetboek fan Strafrjocht kêst 240b, lid 2, wêrby't op produksje en (profesjonele) distribúsje oant 8 jier finzenisstraf stiet, en op it besit en de net-profesjonele distribúsje oant 4 jier finzenisstraf. De reden foar dy brede strafberstelling yn Nederlân is twafâld: om swierrichheden by de bewiisfiering út 'e wei te gean, en om't de Nederlânske steat fan miening is dat simulearre bernepornografy diel útmakket fan in subkultuer dy't bernemisbrûk befoarderet.
Oer it ferbod op simulearre bernepornografy bestiet yn Nederlân in djipgeand ferskil fan miening. Foarstanners fan sa'n brede strafberstelling miene dat ek bernepornografysk materiaal wêrfoar't gjin bern misbrûkt binne, it risiko opsmyt dat it minsken oansette sil ta belangstelling foar en úteinlik de eigen produksje fan echte berneporno. Dit is basearre op 'e wiid ferwreide misfetting dat pedoseksuële gefoelens wat binne dêr't men út frije wil foar kiest. Wittenskiplik ûndersyk hat lykwols oantoand dat pedofily krekt as heteroseksualiteit en homoseksualiteit oanberne is (wat uteraard net itselde is as te sizzen dat men ek oan dy gefoelens tajaan moat). In grut diel fan 'e psychiatryske medyske stân (wêrûnder de lanlik ferneamde harsensûndersiker en neurobiolooch Dick Swaab) is fan tinken dat it sadwaande tige ûnferstannich is om pedofilen de útlitklep te ûntsizzen dy't simulearre bernepornografy biede kin. Fanwegen de algemiene ôfkarring fan net inkeld pedoseksueel hâlden en dragen, mar teffens fan pedoseksuële gefoelens op harsels, falt oer dit ûnderwerp op it stuit yn Nederlân gjin maatskiplike diskusje te fieren.
Yn 2007 ûntstie der witwat trelit oer it online kompjûterspultsje Second Life, wêryn't de spilers in "twadde libben", oftewol in sabeare bestean foar harsels kreëarje yn in animearre wrâld. Dêrby brûkten guon spilers as har avatars (personaazjes yn it kompjûterspultsje) minderjierrige bern, yn hokker foarm oft se dan ek seksuële omgong hiene mei de folwoeksen avatars fan oare spilers. De opskuor dy't dêroer ûntstie doe't dat by it bredere publyk bekend waard, hat der yn hege mjitte ta bydroegen dat simulearre bernepornografy yn in tal lannen (wêrûnder Nederlân) ferbean is. Underwilens hat Second Life trouwens "seksualisearre hâlden en dragen mei avatars dy't op bern lykje" útband.
Yn 2009 waard de Sweedske striptekener Simon Lundström oanklage foar it besit fan bernepornografyske ôfbylden. It gie om simulearre bernepornografy yn 'e foarm fan twa Japanske manga-stripalbums, dy't er oerset hie nei it Sweedsk mei de bedoeling om se yn Sweden út te jaan. Nei't er dêr troch de rjochtbank en in hegere rjochter twaris foar feroardiele wie (yn beide gefallen waard him in boete oplein), waard er úteinlik yn juny 2012 frijsprutsen troch it Sweedske Heechgerjochtshôf. Hoewol't it hôf de Sweedske wet dy't simulearre bernepornografy lykslacht mei echte bernepornografy net bûten wurking stelde (mei't it dêr it foech net ta hie), stelde it wol de fraach oft it wol reedlik is om in slachtofferleas misdriuw op ien bulte smiten mei sa'n slim sedemisdriuw as bernemisbrûk. Dy útspraak hat yn Sweden soarge foar de weriepening fan 'e diskusje oer dit ûnderwerp.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.