![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/SheelaWiki.jpg/640px-SheelaWiki.jpg&w=640&q=50)
Sheela na gig
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sheela na gigs (of sheela-na-gigs) binne skulptueren fan neakene froulju dy't pontifikaal harren fulva sjen litte. Sy komme foar op tsjerken, kastielen en ek wolris oare gebouwen, benammen yn Ierlân en Grut Brittanje. Somtiids binne der ek manljusfigueren by ôfbyld. Ien fan de moaist bewarre eksimplaren is te sjen yn de Round Tower yn Rattoo, greefskip Kerry, yn Ierlân. It County Museum yn Tralee hat der in replika fan. In oar ferneamd en geef foarbyld is te finen yn Kilpeck yn Herefordshire.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/SheelaWiki.jpg/320px-SheelaWiki.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/1a/Sheelanagigfethardwall.jpg/320px-Sheelanagigfethardwall.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/e8/Nidarosdomen_oktogonfigures_0017.jpg/640px-Nidarosdomen_oktogonfigures_0017.jpg)
Ierlân hat it grutste tal bekende sheela na gig-skulptueren, McMahon en Roberts neame 101 foarbylden yn Ierlân en nochris 45 yn Brittanje.[1] Der wurdt tocht dat sokke skulptueren tsjin dea en kwea beskermje moasten.[2][3] Oare soksoarte groteske ôfbylden wurde faak sjoen oan tsjerken yn hiel Europa (bygelyks oan wetterspuiers) en yn it generaal wurdt sein dat sy kweade geasten keare moasten. Sy binne faak oanbrocht boppe doarren en finsters, wierskynlik om dy iepeningen te beskermjen.