From Wikipedia, the free encyclopedia
Shaniko is in plak (city) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 30 ynwenners en is it suver in ghost town.
Shaniko | ||
Shaniko Hotel | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Wasco County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30 (2020)[1] | |
Oerflak | 1,29 km² | |
Befolkingsticht. | 23,28/ km² | |
Hichte | 1019 m | |
Oar | ||
Stifting | 1901 | |
Postkoade | 97057 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 45° 0' 11" N 120° 45' 11" W | |
Lokaasje fan Shaniko yn Wasco County en Oregon | ||
Kaart | ||
Shaniko leit yn it súdeasten fan Wasco County op 'e krúspunt fan US Route 97 en Oregon Route 218 en leit 211 km eastlik fan Portland, 90 km súdeastlik fan The Dalles en 140 km noardeastlik fan Bend. Shaniko leit eastlik fan it Cascadesberchtme. It stedsje leit mei in hichte fan 1.019 meter op in plato mei in net al te rike fegetaasje. Der waakset bygelyks in tal prêrjegerzen, sagebrush en junipearus.
De earste blanken kamen op it plak doe't der yn 1862 yn Canyon City goud fûn waard. Dat late ta in rûte fan The Dalles nei Canyon City. Yn 1867 waard der, nei klachten oer yndiaanske oanfallen, mei subsyzje fan de federale oerheid, troch de steat Oregon in militêr weinpaad fan The Dalles nei Fort Boise yn it Washington-terrtoarium, hjoed-de-dei Idaho, oanlein. Dêrnei kamen der pioniers dy't harren oan dy dyk harren nei wenjen setten, dêr't nije delsettings ûntstiene. Ien fan dy pioniers wie August Scherneckau, dy't yn 1874 yn de omkriten kaam. It plak aard ynearsten Cross Hollow neamd, en in postkantoar mei dy namme waard yn maaie 1879 iepene, mei Scherneckau as postmaster. It postkantoar fan Cross Hollow waard yn 1887 wer sletten. Yn 1900 waard it postkantoar fannijs iepene ûnder de namme Shaniko, de yndiaanske útspraak fan de namme fan Scherneckau. Yn 1901 waard der in oanfraach dien om foar Shaniko stedsrjochten te krijen dy't op 16 maaie dat jiers ek jûn waarden, doe't it gemeentebestjoer foar it earst byinoar kaam.
Yn it begjin fan de tweintichste iuw bloeide Shaniko. It krige in oansluting mei it spoar fan 'e Columbia Southern Railway, in ûnderdiel fan Union Pacific Railroad, mei Biggs Junction oan de rivier de Kolumbia. Yn dy snuorje waard Shaniko ferneamd as de "wolhaadstêd fan de wrâld" omreden de grutte produksje fan wol fanwegen it grutte tal skiep dy't om it plak hinne holden waard. Ek wiene der grutte ranches mei kij by Shaniko en der waard in soad weet ferboud. Yn 1911 waard der in spoar fan Oregon-Washington Railroad and Navigation Company, ek in ûnderdiel fan Union Pacific, fan Portland nei Bend yn de kleau fan de rivier de Deschutes oanlein, mar Shaniko waard oerslein. Dy rûte dy't advertearre waard as "streekrjocht, fluch en natuerlik" luts ferkear fan Columbia Southern wei. Dat late ta it neigean fan Shaniko. Persoaneferfier nei Shaniko einige yn de iere 1930-er jierren en yn 1966 waard de gânse line opheft. Yn 1980 wie Shnaiko suver in ferlitten plak (ghost town). Yn de 1980-er jierren waard it hotel fan Shaniko opknapt en waard Shaniko ta in toeristysk plak omboud.
It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 30 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat it plak in waarm mediterraan klimaat "Csb". Ek kin it dêr hurd waaie.
Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 36 minsken, 17 hûshâldings en 11 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 75% blanken, 8,3% Aziaten en 16,7% fan mingde rassen. Etnysk sjoen binne 8,3% fan de befolking Hispanics.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.