From Wikipedia, the free encyclopedia
De Saar (Frânsk: Sarre, Dútsk: Saar) is in rivier yn Frankryk en Dútslân en mei 235 kilometer de langste sydrivier fan de Mûzel.
Saar | ||
It ferrin fan de Saar | ||
geografy | ||
lân | Frankryk Dútslân | |
ûntspringt yn | 48° 32′ 4.3″ N, 7° 10′ 2.7″ E | |
lokaasje boarne | Reade Saar by Abreschviller: 48° 32' N 7° 10' E Wite Saar by Grandfontaine: 48° 31' N 7° 9' E Gearrin fan de Reade en Wite Saar by Hermelange | |
mûnet út yn | Mûzel → Ryn → Noardsee | |
lokaasje mûning | by Konz (Rynlân-Palts) 49° 42' N 6° 34' E | |
plakken | Sarrebourg, Sarreguemines, Saarbrücken, Völklingen, Saarlouis, Dillingen, Merzig, Saarburg, Konz | |
sifers | ||
lingte | 235 km | |
hichte boarne | 785 m (Reade Saar) | |
hichte mûning | 130,3 m | |
ferfal | 654,7 m | |
ôfwetteringsgeb. | 7.431 km |
De Saar ûntstiet yn de Fogezen by de foet fan de Donon, dêr't de rin fan twa rivieren by inoar komme: de Reade Saar (Sarre rouge) en de Wite Saar (Sarre blanche). Dan streamt de Saar ynearsten sa'n 121 kilometer troch de Frânske regio Grand Est. Tusken Saargemünd en Saarbrücken-Güdinge foarmet de Saar in 11 kilometer lange Dútsk-Frânske lânsgrins. Dêrnei rint de Saar 68 kilometer troch it nei de rivier ferneamde Saarlân oant Saarhölzbach, dêr't de rivier fierder troch Rynlân-Palts streamt om by Konz rjochts fan de Mûzel út te mûnjen.
Nei Sarreguemines (Frankryk) is de rivier te befarren.
De belangrykste sydrivieren binne de Bièvre, de Albe, de Blies, de Prims en de Nied; dy lêste ûnstiet út de gearrin fan de Nied Française en de Nied Allemande, de Frânske en de Dútske Nied, alhoewol't de rivieren hjoeddedei alletwa yn Frankryk lizze.
Fierder de stream ôf bringt de Saar in skieding oan tusken de Saargau op de lofter kant en de Hunsrück oan de rjochter kant. It lêste stik fan de Saar makket diel út fan in wichtich wynbougebiet.
De Reade Saar (Frânsk: Sarre rouge; Dútsk: Rote Saar) en de Wite Saar (Frânk: Sarre blanche, Dútsk: Weiße Saar) foarmje de boarnen fan de Saar. Hja ûntspringe oan de Donon yn de Fogezen, himelsbreed minder as 1 km fan inoar ôf. Nei in lingte fan 26 km komme de twa rivierkes by Hermelange op in hichte fan 252 meter by inoar.
De Reade Saar is in 26,8 kilometer lange rjochter en súdeastlike boarnerivier fan de Saar. De boarne fan de Reade Saar leit oan de D44 tichteby in earder Dútsk soldatetsjerkhôf op in hichte fan 785 meter.
De Wite Saar is de 26,6 lange súdlike, linker boarne fan de Saar. De boarne fan de Wite Saar leit by de D993 fan Cirey nei Grandfontaine op in hichte fan likernôch 710 meter. In ferwizingsboerd wiist nei de dreech tagonklike boarne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.