Ynternasjonaal Systeem fan Ienheden
From Wikipedia, the free encyclopedia
It SI-stelsel is it op 11 oktober 1960 ynfierde Internationale Stelsel fan Ienheden[1][2] (Frânsk: Système international d’Unités (SI)). De standert wurdt beheard troch it Bureau international des poids et mesures yn Sèvres, Frankryk. Frankryk wie ek it earste lân dat dit systeem (doe noch nasjonaal) ynfierde op 10 desimber 1799.
Eltse natuerkundige of gemyske grutheid kin útdrukt wurde yn ienheden (bygelyks: ôfstân yn in meter en tiid yn sekonden).
It SI is bedoeld om ynternasjonaal maklik gegevens útwikselje te kinnen. Oarspronklik hiene in protte lannen ferskillende maatstelsels. De Britten en de Amerikanen brûke noch faak net-SI-ienheden, lykas pûn (foar massa), inch, foot, yard en mile (foar lingte of ôfstân). Ek yn Libearia en Myanmar (it eardere Birma) wurde dizze ienheden nog algemien brûkt. Dy sahjitten ymperiale ienheden binne ek wenstich by it mjitten fan de diameter of diagonaal fan in oantal dingen as fytstsjillen (ferâldere), trommels, kompjûtermonitors, de ôfmjittings fan oare kompjûterûnderdieleen, it raster fan printplaten of de resolúsje fan bygelyks printers.[3]
Neist it ymperiale stelsel binne der ek net-SI-ienheden dy't wol goedkard binne foar gebrûk yn de mande mei SI-ienheden. Foarbylden hjirfan binne de liter (foar ynhâld), oere en minút foar tiid en graden Celsius foar temperatuer (de SI-ienheden foar dizze grutheden binne respektivelik kubike meter foar ynhâld, sekonde foar tiid, kelvin foar temperatuer en joule foar enerzjy). Ek hjirfan ôflate ienheden (as de kilowattoere dy't in soad brûkt wurdt as ienheid fan enerzjy by elektrisiteitsleverânsje) binne gjin SI-ienheden, mar wol tastien.