Foet (lingtemjitte)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De lingtemjitte foet (Ingelsk: foot, meartal feet) is in lingte-ienheid dy't yn Angelsaksyske lannen noch in soad brûkt wurdt. De Feriene Steaten (2004), Libearje en Myanmar binne de ienige lannen dy't it SI noch gjin wetlike status ferliend hawwe. It ienheidssymboal is ft, of ' en yn Nederlân VT.
Hoewol't de foet gjin SI-ienheid is, is de lingte derfan yn 1958 ynternasjonaal fêstlein middels de inch (jildich sûnt 1 july 1959). Ien inch is eksakt gelyk oan 25,4 mm en der sitte 12 inches yn ien foet. Sa is ien foet 304,8 mm = 0,3048 m. Ien meter is dan dus 1/0,3048 ofwol sa'n 3,28 foet.
De foet wurdt benammen brûkt yn de loftfeart om de fleanhichte mei oan te jaan. Yn de praktyk jildt: 1 foet = 0,3 meter.
De foet wurdt ek in soad yn de skipfeart brûkt om de lingte fan skippen oan te jaan. Ek de maten fan konteners wurde yn foet útdrukt: in lingte fan 20 of 40 foet, by in standert breedte fan 8 foet en in standert hichte fan 8 voet en 6 inch.
Der sitte 3 foet yn in yard en 5280 foet yn in Ingelske myl.