SARS-CoV-2
From Wikipedia, the free encyclopedia
SARS-CoV-2, somtiden oantsjutten as it COVID-19-firus en earder bekend as 2019-nCoV[1], is in firus dat de longsykte COVID-19 by minsken feroarsaket.[2]
It firus waard foar it earst rapporteare op 30 desimber 2019 yn Wuhan, de haadstêd fan 'e Sineeske provinsje Hubei[3]. By it útbrekken yn 2019 en begjin 2020 wiene de earste pasjinten foaral besikers en meiwurkers fan 'e Huanan-fiskmerk yn Wuhan. Fanwegen dit waard al gau oannommen dat it firus in soönotyske oarsprong hat.
Dit firus heart ta de famylje fan koroana/coronafirussen. Dizze wurde ta de positive ienstrengige RNA-firussen rekkene en wurde sa neamd fanwege de "kroan" ("corona" is Latyn foar "kroan") om 'e losse firuspartikels. It genoom fan SARS-CoV-2 hat in lingte fan 29.903 nukleotiden en bestiet út ferskate genen dy't kodearje foar de proteïnen wêrút it firus opboud is.[4]
Sân fan 'e bekende koroana/coronafirussen binne yn steat minsken te ynfektearjen. De symptomen fariearje fan in ienfâldige kjeld oant earnstiger omstannichheden lykas MERS en SARS. SARS-CoV-2 is op grûn fan de genetyske oerienkomsten as in SARS-relatearre corona/koroanafirus klassifisearre, wat net betsjut dat COVID-19 deselde sykte is as SARS: it gemiddelde ferrin en de kontaminaasjegraad wike ôf.
By it ferlykjen fan it genoom fan dit firus mei oare bekende firussen, waard in oerienkomst fan 80% mei SARS-CoV fûn en in oerienkomst fan 96% mei corona/koroanafirussen dy't yn flearmûzen fûn waarden. In rekonstruksje fan 'e filogenetyske stambeam fan it firusgenoom makke it plausibel dat it firus gjin lange skiednis hat yn minsklike gasthearen foardat it yn Wuhan ferskynde. De earste oerdracht oan minsken fûn wierskynlik yn novimber as desimber 2019 plak.