From Wikipedia, the free encyclopedia
De rôfdieren (Latynske namme: Carnivora) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan de kateftigen, de hûneftigen, de bearen, de martereftigen en de seehûnen ûnder falle.
Rôfdieren | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
Bowdich, 1821 | ||
Hoewol't it Latynske Carnivora "fleisiters" betsjut, hearre ta dit skift ek guon allesiters en sels in pear útslutende plante-iters, lykas de reuzepanda. Rôfdieren yn 'e smellere taksonomyske sin (op it mêd fan 'e wittenskiplike yndieling fan bistesoarten) moatte trouwens net betize wurde mei rôfdieren yn 'e bredere sin fan "predatoaren" (oftewol bisten dy't libje fan 'e jacht op oare bisten; sjoch: rôfdier).
De leden fan it skift fan 'e rôfdieren libje ferspraat oer alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen. De lichtste is mei 35 g de wezeling (Mustela nivalis), wylst de súdlike seeoaljefant (Mirounga leonina) wol 5 ton weagje kin. Yn it ferline waarden de lânrôfdieren (Fissipedia) en de seerôfdieren (Pinnipedia) yn aparte ûnderskiften of sels aparte skiften pleatst, mar dy yndieling is efterhelle. Yn 'e hjoeddeiske taksonomy wurde de rôfdieren ûnderferdield yn 'e ûnderskiften fan 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia).
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.