From Wikipedia, the free encyclopedia
Ruiselede is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 5000 ynwenners.
Ruiselede | ||
Gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.377 (2021)[1] | |
Oerflak | 30,62 km² | |
Befolkingsticht. | 176 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8755 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 2' N 3° 23' E | |
Lokaasje Ruislede yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
ruislede.be |
Argeologysk ûndersyk yn de Ommegangstraat fan Ruiselede wize spoaren fan bewenning út it neolitikum út. Fral út de izertiid (800-57 f.Kr.) en de iere Romeinske tiid is dêr in soad fûn. Ek waard in seldsum grêffjild mei in rike grêfskat ûntdutsen.
Ruiselede waard yn it jier 1106 foar it earst as Rusleda neamd. Ut dat dokumint fan de Sint-Bertinusabdij die bliken dat de abdij it rjocht hie om de pastoar fan Ruiselede te beneamen. Yn de midsiuwen bestie de hjoeddeiske gemeente út in grut tal hearlikheden.
Al oan it begjin fan de 14e iuw waard Ons Vrauwe van Ruslede (Us Leaffrou fan Ruiselede) neamd as plak foar in strafbeafeart. Yn de 17e iuw waard de tsjerke ferboud nei't dy yn 1645 foar in part fernield wie. Yn 1688 waard in spinhûs stifte, fan werút letter de kongregaasje fan de Susters fan Us-Leaffrou fan de Sân Smerten (yn it Flaamsk: Onze Lieve Vrouwe van de Zeven Weeën) ûntstie. Harren kleaster stiet noch jimmeroan yn Ruislede.
Op in úthoeke fan de gemeente stifte de Belgyske steat yn 1849 op de grins mei Wingene en Beernem in ynstelling foar omrinnend folk, wezen en bern, dêr't net op past waard. Dy ynstelling stifte in túnbouskoalle dy't yn 1884 it foarbyld waard foar de túnbouskoalle yn Frederiksoard.
Ruislede waard nei in fûle striid op 8 septimber 1944 troch de 1e Poalske Pânserdifyzje befrijd. De Fredeskapel yn 'e Aalterstraat en de namme Polenplein, mei in keunstwurk fan Jef Claerhout, betinke de befrijing fan de nazy's.
Op moandei 25 april 2022 makke de gemeente bekend om op 1 jannewaris 2025 te fusearjen mei de oanbuorjende gemeente Wininge. By in net-binend referindum die bliken dat mei in opkomst fan 42,6 in mearderheid 91,5% fan de befolking tsjin dat foarnimmen is. Dochs binne yn 't lêst fan 2022 de earste stappen set om de gemeenten yn 2025 gear te foegjen.
Njonken it plak Ruislede bestiet de gemeente út noch twa doarpen. Doomkerke waard yn 1876 in parochy en Kruiskerke yn 1947. By de fúzjeweach fan gemeenten yn 1977 bleau de gemeente selsstannich.
De histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.