From Wikipedia, the free encyclopedia
Roslyn is in plak (city) yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 893 en neffens in rûzing yn 2012 hie it 900 ynwenners. It plak leit flakkeby Interstate 90 en leit sa'n 140 km eastlik fan Seattle.
Roslyn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Kittitas County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 893 (2010) | |
Oerflak | 11,32 km² | |
Befolkingsticht. | 78,9 / km² | |
Hichte | 685 m | |
Oar | ||
Stifting | 1886 | |
Postkoade | 98941 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
ci.roslyn.wa.us |
Stienkoal waard fûn yn de omkriten yn 1883 en yn 1886 waard it plattegrûn ûntwurpen en it plak stifte. Koalminen waarden úteinset troch the Northern Pacific Coal Company, in dochterûndernimming fan it Noardpasifysk Spoar. De opbringsten fan de stienkoal waarden brûkt foar de finansiering fan it spoar dat oanlein waard yn it ramt fan de ferbining fan Chicago nei Seattle en foar de oanlis fan de Stampede Tunnel, in spoar tunnel fan 3 km lang. Ek waard it stienkoal brûkt as brânstof foar de treinen oant de 1920er jierren doe it ferfongen waard troch diesel. Ek houtseagerijen kamen yn it plak.
De koalminen luts manlju oan út oare parten fan de Feriene Steaten en ek út Jeropa. Út Dútslân, Itaalje en ferskate Slavyske lannen kamen manlju en wurkje yn de minen. De befolkingsgearstalling fan Roslyn wie yn har iere jierren bestie dus út in ferskaat oan 24 nasjonaliteiten. Yn 1888 easken de mynwurkers in leansferheging, mar waard net met troch de Northern Pacific Coal Company. Dus folge in staking. It koalmynbedriuw hierde dêrop 300 Afro-Amerikanen út Firginia, Noard-Karolina en Kentucky. Hjirtroch waard it ferskaat yn Roslyn noch grutter. Dat ferskaat is noch te sjen op it Roslyn Begrefplak en ek yn de neikommelingen dy hjoeddedei noch yn Roslyn wenje.
Yn 1888 waard it plak troffen troch in brân, dat it grutste part yn 'e jiske lei. Kreksa as in soad plakken yn it 19e-iuwske Amearika wiene hûzen en winkels yn Roslyn boud fan hout. It plak waard rillegau werboud en no waarden gebouwen makke fan stien of sânstien.
It hichtepunt fan de koalproduksje wie yn 1910 doe't de produksje útkaam op 2 miljoen ton. It hiele plak draaide om de koalproduksje en de measte saken yn it plak wiene yn besit fan it Noardpasifysk Spoar of har dochter it koalbedriuw. Yn 1892 wie der in ûntploffing yn ien fan de minen, wêrby 45 mannen it libben ferlern hawwe.
Op 24 septimber 1892 waard it plak troffen troch in bankoerfal. Seis leden fan de 'McCarthy Gang berôven de Roslyn earm fan de Ben Snipes bank fan Ellensburg. De banditen slaggen deryn en knipe mei de buit der tuskenút. Hja waarden ferret troch ien fan harren froulju en waarden berjochten en wer frijlitten om de sjuery it net iens wurde koe oer de útspraak. Guon leden fan de 'gang' waarden letter by in bankoerfal yn Kolorado deasketten.
Fanôf 1920 rûn de koalproduksje tebek en sa stadichoan sletten de koalminen oant de lêste yn 1963 slet. De befolking fan it stedsje rûn hjirmei ek tebek fan 3126 ynwenners yn 1910 oant 1031 yn 1970.
It begrefplak bestiet út 26 njonken inoar lizzende parten neffens etnyske komôf. It 6 bunder grutte begrefplak leit yn de heuvels en bosk boppe de haadstrjitte fan it plak. It lân wie oankocht en sels jûn troch it koalbedriuw troch ferskate etnyske ferienings foar begreffenissen fan harren leden. Der binne 5000 grêven fan 24 nasjonaliteiten. Yn 1978 waard it begrefplak opnommen yn it National Register of Historical Places.
Roslyn libbet hjoeddedei benammen fan it toerisme. Ek guon ynwenners fan Seattle en Tacoma hawwe twadde hûzen yn it plak. It histoaryske sintrum is populêr, mar ek bûtendoar aktiviteiten lykas berchtocht kuierje, kampeare, skye, snieslydzje ensfh binne populêr. Flakby it plak wurdt op dit stuit in park mei 3000 simmerwentes en in golfpark úteinset. Dit nije doarp, Suncadia sil de ekonomy fan Roslyn en omkriten yngripend feroarje.
Dizze filmen lûke in soad toeristen nei it plak ta.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.