Romeinske leger
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Romeinske leger (Latyn: eksercitus Romanus) wie it leger dat troch de Romeinen ynset waard salang't it tiidrek fan it Alde Rome duorre; fan it Romeinske Keninkryk (oant sa'n 500 foar Kr.) oant de Romeinske Republyk (500 -31 foar Kr.) en it Romeinske Ryk (31 foar Kr.-395 n. Kr.), en de midsiuwske fuortsetting dêrfan, it East-Romeinske Ryk of Byzantynske Ryk. Dat de term omfiemet sa'n 2.205 jier (753 f.Kr. - 1453 n.Kr.), yn hokker perioade de Romeinske striidkrêften gâns feroaringen ûndergiene yn gearstalling, organisaasje, útrissing en taktyk, wylst in kearn fan bliuwende tradysjes bewarre bleau. [1][2][3]
![]() |
Wol likernôch fiifhûndert jier lang, sûnt de nederlaach fan Hannibal yn 201 f.Kr. oant Romes bjusterbaarlike nederlaach tsjin de Goaten by Adrianopel yn 378 n.Kr., wie Rome sawat ûnoerwinlik.