Robert Burns
From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert Burns (Alloway, 25 jannewaris 1759 – Dumfries, 21 july 1796) wie in Skotsk dichter, dy't ek wol bekend stiet as Robbie Burns, Rabbie Burns, Robden fan 'e Solway Firth, de Ploegjende Dichter (Ploughman Poet), Skotlâns favorite soan, de Bard fan Ayrshire, en, allinnich yn Skotlân, koartwei as 'de Bard'. Hoewol't er it meast ferneamd wurden is om't er in grut diel fan syn wurk yn syn memmetaal, it Skotsk, skreau, hat er ek gedichten yn it Skotsk-Ingelsk skreaun, sadat in diel fan syn oeuvre ek tagonklik is foar lêzers fan bûten Skotlân.
Robert Burns | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Robbie Burns, Rabbie Burns | |
echte namme | Robert Burns | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 25 jannewaris 1759 | |
berteplak | Alloway (Skotlân) | |
stoarn | 21 july 1796 | |
stjerplak | Dumfries (Skotlân) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurk | ||
taal | Skotsk, Ingelsk | |
sjenre | poëzij | |
perioade | 2e helte 18e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) | Auld Lang Syne Scots Wha Hae Tam o' Shanter | |
jierren aktyf | 1774 – 1796 | |
offisjele webside | ||
digital.nls.uk/robert-burns |
Burns wurdt beskôge as in pionier fan 'e Romantyk, en nei syn ûntidich ferstjerren foarme syn wurk in ynspiraasjeboarne foar de stifters fan sawol it liberalisme as it sosjalisme. Guon fan syn bekendste fersen binne Auld Lang Syne, dat yn Skotlân faak op âldjiersdei songen wurdt, en Scots Wha Hae, dat lang as it ûnoffisjele Skotske folksliet tsjinne. Oare gedichten fan sines binne A Red, Red Rose, A Man's a Man for A' That, The Battle of Sherramuir, Tam o' Shanter en Ae Fond Kiss. Burns syn poëzij hat fan grutte betsjutting west foar it Skotske selsbewustwêzen. Syn bertedei, Burns Night, is feitlik in twadde nasjonale feestdei foar Skotlân wurden.