Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Riley Steele, echte namme: Brittni Anne Palmer (San Diego, 26 augustus 1987), is in Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't neffens har offisjele opjefte 1.70 m lang is, mei in gewicht fan 52 kg.
Riley Steele | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Brittni Anne Palmer | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 augustus 1987 | |
berteplak | San Diego (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
rileysteele.com |
Steele waard berne yn 'e stêd San Diego, yn it uterste suden fan 'e steat Kalifornje, en groeide op yn Escondido, in noardlike foarstêd fan San Diego. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke se yn in Starbucks-kofjesaak en yn in kafetaria op in golfbaan. Mei't se in grutte fan wie fan pornoaktrise Jesse Jane, reizge se yn 2005 alhiel nei Hollywood ta om har idoal in hantekening sette te litten op har eksimplaar fan 'e film Pirates. Se rekken oan 'e praat, en Jane rette har oan om it oars sels ris yn 'e pornoyndustry te besykjen. Mei Jane har kaartsje kaam Steele wer thús, en al die se der yn 't earstoan neat mei, se bewarre it wol.
Uteinlik, nei't se in pear jier oan it idee wenne kinnen hie, besleat se dochs noch op Jane har útstel yn te gean, en mei de gegevens it kaartsje naam Steele doe kontakt op mei foaroansteande filmstudio Digital Playground. Dat resultearre deryn dat hja yn 2008, doe't se 21 jier wie, har debút makke yn 'e pornografyske film Pirates II: Stagnetti's Revenge, it ferfolch op Pirates, dêr't it allegear mei begûn wie. Steele tekene daliks in kontrakt mei Digital Playground, en dat is oant hjoed de dei ta de iennichste studio wêrfoar't se wurke hat. Underwilens hat se yn 65 pornofilms spile, gauris mei har idoal Jesse Jane. Dêrmei hat se sûnt 2010 al 10 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, en ek nochris 11 nominaasjes foar AVN Awards yn 'e wacht sleept.
Yn 2012 makken Steele en har kollega-kontraktstjer by Digital Playground BiBi Jones bekend dat se harren út 'e pornoyndustry weromloeken fanwegen ûnthjitten dy't harren dien wiene mar net neikommen wiene. Dat nijs waard troch de media grut brocht, mar letter leine Steele en Jones út dat it in grapke fan harren kant wie en dat se net ferwachte hiene dat it serieus nommen wurde soe. Dêr foegen se oan ta dat se it yn 'e pornoyndustry krekt tige nei 't sin hiene en dat se der net oan tochten om op te hâlden. Yn septimber 2013 sleat Steele in nij kontrakt foar twa jier ôf mei regisseur Axel Braun.
Njonken har wurk yn pornofilms figurearre Steele yn 2010 ek, mei in stikmannich oare pornostjerren, yn 'e mainstream 3D-horrorkomeedzje Piranha 3D. Fierders naam se yn 2010 diel oan it Amerikaanske tillefyzjeprogramma Manswers, en yn 2011 oan 'e programma's Life on Top en NTSF:SD:SUV. Fierders hie se ek in byrol as mainstream-aktrise yn 'e HBO-searje The Girl's Guide to Depravity.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Jesse Jane en Manuel Ferrara) | Nurses |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Stoya, Katsuni, Jesse Jane, Shay Jordan en Erik Everhard) | Nurses | ||
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | nije stjer fan it jier | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | nije stjer | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei James Deen en Scott Nails) | Riley Steele: Bar Pussy |
nominearre | bêste aktrise | Riley Steele: Love Fool | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Raven Alexis, Jesse Jane, Katsuni en Kayden Kross) | Body Heat | ||
wûn | publykspriis foar meast idioate sekssêne (mei Raven Alexis, Jesse Jane, Katsuni en Kayden Kross) | Body Heat | ||
wûn | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | pornostjerwebside (foar RileySteele.com) | n.f.t. | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | wûn | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Erik Everhard en Scott Nails) | The Masseuse 4 |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Stoya, BiBi Jones en Manuel Ferrara) | Babysitters 2 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Stoya, Selena Rose en Tommy Gunn) | Top Guns | ||
wûn | publykspriis foar hytste sekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Stoya, BiBi Jones en Manuel Ferrara) | Babysitters 2 | ||
wûn | publykspriis foar bêste lichem | n.f.t. | ||
wûn | publykspriis foar favorite pornostjer | n.f.t. | ||
wûn | publykspriis foar twitterkeninginne | n.f.t. | ||
NightMoves Award | wûn | publykspriis foar bêste folsleine lichem | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Selena Rose en Manuel Ferrara) | Nurses 2 |
wûn | publykspriis foar leaflingslichem | n.f.t. | ||
wûn | publykspriis foar favorite pornostjer | n.f.t. | ||
Exxxotica Fan Choice Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
NightMoves Award | wûn | publykspriis foar bêste folsleine lichem | n.f.t. | |
RogReviews Fan Faves Award | wûn | favorite artyste | n.f.t. | |
Sex Award | wûn | bêste lichem fan 'e pornoyndustry | n.f.t. | |
wûn | bêste man/frou-filmpear (mei Erik Everhard) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | wûn | bêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Erik Everhard) | In Riley's Panties | |
nominearre | bêste lesbyske sêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Selena Rose en Vicki Chase) | Mothers & Daughters | ||
2014 | AVN Award | wûn | bêste sêne yn in feature-film (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Selena Rose, Stoya en Manuel Ferrara) | Code of Honor |
wûn | publykspriis foar favorite pornostjer | n.f.t. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.