Red 2 (film)
film út 2013 fan Dean Parisot / From Wikipedia, the free encyclopedia
Red 2 is in Amerikaanske aksjekomeedzje en spionaazjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Dean Parisot. De haadrollen waarden fertolke troch Bruce Willis, Mary-Louise Parker en John Malkovich, mei Helen Mirren, Byung-hun Lee, Catherine Zeta-Jones, sir Anthony Hopkins, Neal McDonough en Brian Cox yn 'e byrollen. De film is it twadde diel fan 'e Red-filmsearje en as sadanich it ferfolch op Red, út 2010. It ferhaal folget de pinsjonearre CIA-agint Frank Moses, syn faam Sarah Ross en syn maat en âld-kollega Marvin Boggs, as se op 'e nij it doelwyt wurde fan in moardaksje dêr't immen binnen de CIA opdracht ta jûn hat om't Moses tefolle wit oer topgeheime operaasjes út it ferline. Red 2 ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien mingde en tuskenbeiden resinsjes, mar waard yn 'e bioskopen in beheind kommersjeel súkses.
Red 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Dean Parisot | |
produsint | Lorenzo di Bonaventura Mark Vahradian | |
senario | Jon Hoeber Erich Hoeber | |
basearre op | Red fan Warren Ellis en Cully Hamner | |
kamerarezjy | Enrique Chediak | |
muzyk | Alan Silvestri | |
filmstudio | di Bonaventura Pictures | |
distribúsje | Summit Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Bruce Willis Mary-Louise Parker John Malkovich | |
byrollen | Helen Mirren Byung-hun Lee Catherine Zeta-Jones Anthony Hopkins Neal McDonough Brian Cox | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 july 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $84 miljoen | |
opbringst | $148,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Red | |
● foarich diel | Red |