Catherine Zeta-Jones
From Wikipedia, the free encyclopedia
Catherine Zeta-Jones, CBE[1] (Swansea (West Glamorgan), 25 septimber 1969) is in Welsk aktrise. Sy wûn yn 2003 in Academy Award foar har byrol as Velma Kelly yn Chicago (2002). Fierders hat syn goed tsien filmprizen op har namme brocht, dêr't in BAFTA Award (foar Chicago) en in European Film Award (foar Entrapment) by binne.
Zeta-Jones waard berne as Catherine Zeta Jones yn Swansea, Wales as dochter fan Patricia (berne Fair), in naaister fan Iersk komôf, en David James Jones, einer fan in Welske snobbersguodfabryk.[2][3] Sy waard ferneamd nei beide beppes, Catherine Fair en Zeta Jones.[4]
Zeta-Jones troude yn 2000 mei de Amerikaanske akteur Michael Douglas, dy't eksakt 25 jier âlder is as sy. Inkelde moannen foar de brulloft krige sy har earste bern, in soan, dy't yn april 2003 folge waard troch in suske.
Zeta-Jones hat bekendmakke dat sy te lijen hat fan in bipolêre steurnis[5] Teffens is hja in betûft golfer, dy't oktober 2010 spile yn de Star Trophy yn Hainan, Sina.