From Wikipedia, the free encyclopedia
Ratmanov (Russysk: Остров Ратманова, Ostrov Ratmanova; Injûpiat: Imaqłiq; Ingelsk: Big Diomede), soms ek Grut-Diomedes neamd, is in eilân yn 'e Beringstrjitte yn it Fiere Easten fan Sibearje. It eilân makket ûnderdiel út fan it autonoom gebiet Tsjûkotka, dat ta Ruslân heart. Ratmanov is ien fan 'e beide Diomedeseilannen; it oare, Lyts-Diomedes, falt ûnder de Amerikaanske steat Alaska.
Ratmanov is ien fan 'e beide Diomedeseilannen, dy't midden yn 'e Beringstrjitte lizze, de seestrjitte dy't de kontininten Aazje en Noard-Amearika faninoar skiedt. Oan 'e súdkant fan 'e strjitte leit de Beringsee, dy't ta de Stille Oseaan rekkene wurdt, wylst oan 'e noardkant de Tsjûktsjensee leit, dy't by de Noardlike Iissee heart. By de Beringstrjitte rikt de uterste westpunt fan it Seward-skiereilân fan Alaska oant op 82 km ôfstân fan 'e uterste eastpunt fan it Tsjûkotka-skiereilân fan Sibearje. Ratmanov leit 38 km út 'e kust fan Sibearje en 41 km út 'e kust fan Alaska.
It oare eilân fan 'e Diomedeseilannen, it lytsere Lyts-Diomedes, leit op 3,8 km nei it easten. De beide eilannen wurde troch mear faninoar skaat as inkeld de grins fan 'e Feriene Steaten mei Ruslân. Mei de grins falt nammentlik de Ynternasjonale Datumgrins gear, dy't likernôch 2 km beëasten Ratmanov leit, op 168° 58' 37" westerlingte. Sadwaande leit Ratmanov yn 'e tiid hast in etmiel op Lyts-Diomedes foar, en wurdt it wol it 'Moarneilân' (Tomorrow Island) en Lyts-Diomedes it 'Justereilân' (Yesterday Island) neamd. It oerflak fan Ratmanov beslacht 29 km². It eilân hat in rotsige kust mei yn it binnenlân in ôfplatte plato. It heechste punt op it eilân leit op in hichte fan 477 m boppe seenivo.
Ratmanov waard oarspronklik bewenne troch Injûpiat (Iñupiat), dy't ta de Inûyt (Inuit) hearre, in subgroep fan 'e Eskimo's. De earste Jeropeaan dy't de Beringstrjitte berikte, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Semjon Dezjnov, yn 1648. Hy die neitiid ferslach fan twa eilannen, dêr't de bewenners bienen piercings troch de lippen droegen. It is lykwols ûnwis oft dat in beskriuwing fan 'e Diomedeseilannen wie, of dat it om in pear oare eilannen yn 'e Beringsee gie.
De earste wisse waarnimming fan 'e eilannen waard dien troch de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering, op 27 augustus (16 augustus Alde Styl) 1728, de Russysk-otterdokse hjeldei fan 'e hillige Diomedes (dêrfandinne de namme fan 'e eilannen). Yn 1732 stelde de Russyske lânmjitter Michail Gvozdjev de lingte- en breedtegraden fan Ratmanov fêst. Neitiid kaam it eilân ta de koloanje Russysk-Amearika te hearren.
Yn 1867 waard de grins tusken de Feriene Steaten en it Keizerryk Ruslân by de Oankeap fan Alaska tusken Ratmanov en Lyts-Diomedes troch lein. Under de Twadde Wrâldoarloch waard op Ratmanov in legerbasis fan it Reade Leger fêstige. Nei de oarloch waard de oarspronklike befolking fan it eilân deportearre nei it fêstelân fan Sibearje. Sûnt hat Ratmanov gjin permaninte bewenners mear. De militêre basis op it eilân waard ûnder de Kâlde Oarloch sletten. Yn dy tiid foarmen de Diomedeseilannen it gebiet dêr't de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny it tichtst oaninoar grinzgen, en kaam it wetter tusken de beiden eilannen bekend te stean as it 'Iisgerdyn' (nei analogy dan it Izerne Gerdyn yn Jeropa).
Doe't de Kâlde Oarloch yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren op syn ein rûn, lei de Amerikaanske swimster Lynne Cox de ôfstân tusken de beide eilannen swimmend ôf en waard se neitiid foar dy prestaasje lokwinke troch sawol Sovjet-lieder Michail Gorbatsjov, as troch de Amerikaanske presidint Ronald Reagan. Tsjintwurdich is op Ratmanov in Russysk waarstasjon fêstige, en ek in basis fan 'e feilichheidstsjinst FSB.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.