From Wikipedia, the free encyclopedia
De provinsjale wei 358 of N358 is in provinsjale wei yn de provinsje Fryslân, dy't yn 'e rin fan 'e 20e iuw ûntstie troch de opwurdearring fan âldere weidielen. De dyk rint fan Fryske Peallen oer Bûtenpost nei Holwert, dêr't de dyk oanslút by de N356. De dyk slút by Fryske Peallen oan op de A7 nei Grins en Hearrefean, ûnder Bûtenpost wurdt de N355 krúst.
N358 | |
---|---|
Langte: | 38,3 km |
Kaart | |
Yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân hjit de dyk De Skieding, yn Achtkarspelen De Skieding, Uterwei, Bruggelaan en Lauwersmeerweg en yn de gemeente Noardeast-Fryslân hjit de dyk ek Lauwersmeerweg, Sylsterwei, Mounebuorren, Dodingawei, Humaldawei, Dongerawei en Holwerderweg.
De provinsje Fryslân wol de dyk fan de oansluting mei de A7 ôf oant Bûtenpost oanpasse. Underwilens is it earste part fan Bûtenpost oant Stynsgea klear. Letter sil it stik fan Stynsgea oant Surhústerfean oanpakt. Under oare sil der in ovonde (in ovale rotonde) by Surhuzum oanlein wurde dy't mear as ien krusings ferfange sille[1]. Oer de ynrjochting fan it lêste part fan Surhústerfean oant de A7, de 'De Skieding' binne de belutsen partijen it noch net iens.[2]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.