Poalrôfdieren
From Wikipedia, the free encyclopedia
De poalrôfdieren (Latynske namme: Arctoidea) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia). Yn dizze taksonomyske groep binne de libbene boppefamyljes fan 'e beardieren of beareftigen (Ursoidea), de marterdieren (Musteloidea) en de seerôfdieren (Pinnipedia) gearbrocht. Yn totaal omfiemet dit tuskenskift 130 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, Antarktika ynbegrepen.
Fluch de feiten
Poalrôfdieren | ||
In lytse panda (Ailurus fulgens). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | poalrôfdieren (Arctoidea) | |
Flower, 1869 | ||
Slute