De pilekaaneftigen (Latynske namme: Pelecaniformes) foarmje in skift fan de klasse fan de fûgels (Aves), en it boppeskift fan de nije fûgels (Neoaves). Ta dit skift hearre sa'n 120 ûnderskate soarten fûgels. De pilekaaneftigen komme yn grutte dielen fan de wrâld foar, mei útsondering fan 'e poalgebieten, altyd op of deunby it wetter fan seeën, marren of rivieren. Foar it meastepart libje de pilekaaneftigen fan fisk.
Pilekaaneftigen | ||
pilekaan (Pelecanus onocrotalus) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | pilekaaneftigen (Pelecaniformes) | |
Sharpe, 1891 | ||
De pilekaaneftigen formje mei de eiberteftigen (Ciconiiformes), ginteftigen (Suliformes), mokeftigen (Procellariiformes), pinguineftigen (Sphenisciformes) en seedûkereftigen (Gaviiformes) in klade fan 'e wetterfûgels (Aequornithes). De gearhing tusken de pilekaaneftigen en de oanbuorjende skiften fan de ginteftigen en eiberteftigen is kompleks en haw forskate resinte taksonomyske útwikselingen meibrocht. Tsjintwurdich wurde de pilekaaneftigen opdield yn twa ûnderskiften, de reagerfûgels (Ardei) en de pilekaanfûgels (Pelicani) en fiif famyljes. De grutste famylje is dy't fan de reagers.
- skift: pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
- famylje: wylpreagerfûgels (Threskiornithidae), 13 skaaien, 31 soarten
- famylje: reagers (Ardeidae), 18 skaaien, 70-80 soarten
- famylje: hammerkop (Scopidae), 1 skaai, 1 soarte
- famylje: skuonbek (Balaenicipitidae), 1 skaai, 1 soarte
- famylje: pilekanen of pelikanen (Pelecanidae), 1 skaai, 8 soarten
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.