From Wikipedia, the free encyclopedia
Picturialisme is ien fan de ierste streamingen yn de fotografy. De streaming ûntstie om 1885 hinne, nei it op grutte skaal yntrodusearjen fan it fotografyproses mei drûge platen. De streaming berikte syn hichtepunt yn de earste jierren fan de 20e iuw, mar rekke nei 1914 yn it delgean mei de komst fan it modernisme. De term “pikturalisme” en “pikturalist” ûntstiene om 1900 hinne.
Pikturalisme wie de earste streaming dy't fotografy as keunstfoarm beskôge. De streaming ûntstie út it besykjen om keunstfotografy in lykweardich plak te jaan neist skilderkeunst en etsen fan dy tiid. Pikturalisten woenen foaral it ljochtgebrûk, mar ek oare kenmerken, fan skilderijen oerbringe yn har foto's. Foto’s út dy tiid wienen fansels swart-wyt of sepia en waarden mei opsetsin dizich of ûnskerp makke. Om dit effekt te berikken waarden ûnder oaren softfokus-technyk, spesjale filters en spesjale linzen brûkt. Teffens waarden ek noch bewurkingen yn de tsjustere keamer tapast. Nei 1898 krige men fotopapier mei in rûch oerflak ta syn foldwaan, ek in helpmiddel om winske pikturalistyske effekten te berikken. De Encyclopedia Britannica út 1911 omskreau dit as “it berikken fan persoanlike artistike ympresje”.
Pikturalisme wie neffens de Encyclopedia Britannica fan 1911 oarspronklik in Britske streaming, mar krige al rillegau foet oan de grûn yn Amearika. Om 1900 wienen de Britske Brotherhood of the Linked Ring en Amerikaanske De New American School bewegingen dy't har rjochten op pikturalisme. In bekende publikaasje dy't it pikturalisme foarstie en propagearre wie "Camera Work", it fototydskrift fan Alfred Stieglitz, dat fan 1903 oant 1917 ferskynde. Elts diel befette 12 foto’s.
Om 1910 giene hieltiten mear fotografen har op oare streamings rjochtsjen. In groep Amerikaanske fotografen fersmiet it pikturalisme folslein en foarme Group f/64, dy't him rjochte op ûnbewurke fotografy. De opkomst fan it modernisme die hjir sines ta.[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.