Pigeon Lake Reservaat 138A
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Pigeon Lake Reservaat 138A (Ingelsk: Pigeon Lake 138A Reserve) is in mienskiplik Yndianereservaat fan ferskate stammen yn it sintrale part fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn july 1896 stifte sadat de Kry (Cree) út 'e omkriten fan Maskwacis (doe noch Hobbema neamd) in plak hawwe soene dêr't se op eigen gerjochtichheid fiskje koene. It reservaat wurdt dield troch:
- de Ermineskin Kry Naasje
- de Louis Bull Earste Naasje
- de Montana Earste Naasje
- de Samson Kry Naasje
Fluch de feiten
Pigeon Lake Reservaat 138A Pigeon Lake 138A Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | Maskwacis (Alberta) (bûten it reservaat) | |
stamme | ferskaat (sjoch tekst) | |
lân | Kanada | |
provinsje | Alberta | |
sifers | ||
ynwenners | 483 (2011) | |
oerflak | 19,2 km² | |
bef.tichth. | 25,2 / km² | |
oar | ||
stifting | 1896 | |
tiidsône | UTC –7 | |
simmertiid | UTC –6 | |
kaart | ||
De lizzing fan it reservaat yn Alberta.
|
Slute