Maskwacis
From Wikipedia, the free encyclopedia
Maskwacis (útspr.: ['mʌskwətʃi:s]; likernôch: "mas-kwuh-tsjiis") is in gemeentefrije delsetting (unincorporated community) yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. De namme betsjut "Beareheuvels" yn it Kry, de taal fan 'e pleatslike Yndiaanske befolking. Foar 1 jannewaris 2014 hiet it doarp Hobbema. In diel fan Maskwacis foarmet in buorskip yn Ponoka County. Neffens gegevens út 2011 hie Maskwacis yn 2011 in befolking fan rom 7.600 minsken.
Fluch de feiten
Maskwacis | ||
Polityk | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Alberta | |
County | Ponoka County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.642 (2011) | |
Oerflak | ûnbekend | |
Befolkingsticht. | ûnbekend | |
Oar | ||
Stifting | 1891 | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | UTC –6 | |
Koördinaten | 52°49′36″N 113°27′06″W | |
Kaart | ||
Lizzing yn Alberta.
|
Slute