From Wikipedia, the free encyclopedia
Peter Johann Nepomuk Geiger (Wenen, 11 jannewaris 1805 - dêre, 29 oktober 1880) wie in Eastenryksk tekener en keunstskilder.
Geiger kaam út in famylje fan byldhouwers. Hy woe yn 't earstoan ek dy tradysje fuortsette en byldhouwer wurde, mar rillegau die bliken dat er mei tekenjen en skilderjen yn syn elemint wie. Hy makke yllustraasjes by Anton Ziegler syn Vaterländischen Immortellen fan 1839-40. Oant 1848 makke er talleaze yllustraasjes by histoarysk wurk en poëzij, mar ek oaljeferve skilderijen foar de Eastenrykske keninklike famylje.
Doe't er yn 1850 weromkaam fan in reis nei de Oriïnt mei prins Ferdinand Maximilian Joseph wie dat it begjin fan in tige kreative perioade. Yn 1853 waard er learaar oan de Weenske keunstakademy. Foar de keninklike famylje hat er in soad wurk makke, ek yllustraasjes by wurk fan Goethe, Friedrich von Schiller en William Shakespeare. Teffens makke er foar aartshartoch Karl Ludwig fan Eastenryk ferskate sjênreskilderijen fan it Easterske libben.
Geiger kriget tsjintswurdich fral omtinken út reden fan syn eroatyske tekeningen, dy't er nei alle gedachten net yn syn funksje fan hofskilder makke hat.
In kar:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johann Nepomuk Geiger fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.